6 10 op zoek naar het andere fryslân 14 - tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf ·...

32
Menno! 3 tentoonstellingen over Doopsgezinden 6 Mennist-wêzen makket Onijdes Sijtsma kleurryk 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 Jrg. 7 | 2011 | Nr. 3

Upload: others

Post on 18-Aug-2020

11 views

Category:

Documents


0 download

TRANSCRIPT

Page 1: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Menno! 3 tentoonstellingen over Doopsgezinden 6Mennist-wêzen makket Onijdes Sijtsma kleurryk 10Op zoek naar het andere Fryslân 14

Jrg. 7 | 2011 | Nr. 3

Page 2: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Boerd dat tentoansteld wurdt by de útstalling oer de mennisten. Sjoch side 6 en fierder. (Foto Haye Bijlstra)

Page 3: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Op de voorkant: affiche van Menno! 3 tentoonstellingen over Doopsgezinden. Zie pag. 6 en verder.

4 Fan de redaksje | Van de redactie

6 Menno! 3 útstallingen oer mennisten |Jelle Krol

10 Onijdes Sijtsma ‘It mennist-wêzen makket my kleurryk’

|Marijke de Boer

12 Feroarings op stúdzjeseal |Aly de Boer

13 Tresoar in Blokhuispoort |Wilma Hogenhuis

14 Op zoek naar het andere Fryslân |Bert Looper

16 It Fryske Boek yn Tresoar |Wieke de Haan

17 Literêre 4-stêdetocht |Teake Oppewal

18 Hepkema op internet |Ids de Jong

19 Nieuwe toegang tot elektronische bronnen

|Ids de Jong en Hans Laagland

20 - Militieregisters online - Symposium over Sonttolregisters

21 Yn de argiven sjongt de tiid |Siem van der Woude

22 Undersiker oan it wurd: Tsjerk Veenstra |Marijke de Boer

25 Oprop foar de Skriuwersarke |Jelle Krol

26 Jachtlust in de Stellingwerven |Martha Kist

28 Nieuwe aanwinsten

30 Nijs fan de Stifting Freonen fan Tresoar

31 Kolofon | Colofon

32 Aktiviteiten | Activiteiten

Tresoar heeft een kleine manuscriptkaart ontvangen, getekend met zwarte inkt op zijde. De kaart biedt informatie over de geografische situatie van de Stellingwerven in het begin van de negentiende eeuw.

26

Tsjerk Veenstra is okkerdeis ôfstudearre by de stúdzje Frysk yn Grins. Hy skreau in skripsje oer J.B. Schepers en wat dy bydroegen hat oan de fernijing fan de Fryske literatuer om 1900 hinne.

22

Voor de periode 2013-2016 gaat Tresoar een nieuw beleidsplan ontwerpen en presenteren. Belangrijk daarbij is de rol van Tresoar als het gaat om cultuuroverdracht. Tresoar hecht waarde aan de mening van de Vrienden die op het plan kunnen reageren.

14

Page 4: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 4

Tresoar is dwaande mei it te plak bringen fan de besunigings foar de kommende jierren. No’t de omfang fan de besunigings dúdlik is, moat binnen de organisaasje betocht wurde wêr’t yn snijd wurde moat. Hokker aktiviteiten kinne noch wol trochgean en hokker net?

It Fryske Boek De ôfrûne moannen is bestjoerlik ûndersocht hoe’t It Fryske Boek yn de organisaasje fan Tresoar ûnderdak brocht wurde kin. Mei yngong fan 1 jannewaris 2012 wurde de meiwurkers definityf by Tresoar opnommen. Foar’t is sa fier is, wurdt earst ôfskie nommen fan Durk Hibma dy’t fan 1990 oant

2011 direkteur fan It Fryske Boek west hat.

ICTDe ICT-ôfdieling fan Tresoar hat sûnt septimber in nije teamlieder, Olav Kwakman. Hy nimt in grut part fan it wurk fan Frank Bosmans oer. De ICT-meiwurkers fan Tresoar sille tenei ek de ICT by it Frysk Museum en it Keramykmuseum Princessehof fersoargje. Yn de kommende moannen wurdt ek op oar mêd gearwurking socht mei beide ynstellings.

UtstallingsYn de moannen septimber en oktober wie der by Tresoar in eksploazje fan aktiviteiten. Alderearst wie der in tige slagge Moanne fan It Fryske boek mei in grut ferskaat oan aktiviteiten dy’t troch publyk en media goed opmurken en wurdearre binne. Op 15 oktober wie der in bysûndere merklapedei, organisearre troch Tresoar, it Frysk Museum en de Vrouwen van Nu. De dei dêrfoar wie der, yn it ramt fan Fryslân 1811, in drok besocht sympoasium oer de opheffing fan de Universiteit fan Frjentsjer. Yn de kommende moannen is der mei trije útstallings rom omtinken foar de mennisten en de doperse diaspora. Dêroer is mear te lêzen yn dizze Letterhoeke. Ek skriuwt Bert Looper oer de plannen foar de kommende beliedsperioade. Freonen wurde fan herte útnoege dêrop te reagearjen.

an de redaksje FF VDe merklapedei wie suksesfol. (Foto Neeltje van der Weide)

It Boekefeest by de Moanne fan it Fryske boek. (Foto Neeltje van der Weide)

Page 5: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Tresoar is bezig met de bezuini-gingen voor de komende jaren. Nu de omvang van de bezuini-gingen duidelijk is, moet binnen de organisatie worden bedacht waar in gesneden moet worden. Welke activiteiten kunnen nog wel doorgaan en welke niet?

It Fryske Boek De afgelopen maanden is bestuurlijk onderzocht hoe It Fryske Boek in de organisatie van Tresoar onder gebracht kan worden. Met ingang van 1 januari 2012 worden de mede-werkers definitief bij Tresoar opgenomen. Voordat het zo ver is, wordt eerst afscheid geno-men van Durk Hibma die van 1990 tot 2011 directeur van It Fryske Boek is geweest.

ICT De ICT-afdeling van Tresoar heeft sinds september een nieuwe teamleider, Olav Kwakman. Hij neemt een groot deel van het werk van Frank Bosmans over. De ICT-medewerkers van Tresoar zullen voortaan ook de

ICT bij het Fries Museum en het Keramiekmuseum Princesse-hof verzorgen. In de komende maanden wordt ook op ander terrein samenwerking gezocht met beide instellingen.

Tentoonstellingen In de maanden september en oktober was er bij Tresoar een explosie van activiteiten. In de eerste plaats was er een zeer geslaagde Moanne fan it Fryske boek met een grote verscheidenheid aan activiteiten die door publiek en media goed zijn opgemerkt en gewaardeerd. Op 15 oktober was er een bijzon-

an de redactieVVdere merklappendag, georga-niseerd door Tresoar, het Fries Museum en de Vrouwen van Nu. De dag daarvoor was er, in het kader van Fryslân 1811 een druk bezocht symposium over de opheffing van de Universiteit van Franeker. In de komende maanden is er met drie ten-toonstellingen ruim aandacht voor de doopsgezinden en de doperse diaspora. Daarover is meer te lezen in deze Letterhoeke. Ook schrijft Bert Looper over de plannen voor de komende be-leidsperiode. Vrienden worden van harte uitgenodigd daarop te reageren.

Olav Kwakman is de nieuwe ICT-teamleider. (Foto Haye Bijlstra)

Page 6: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 6

| Jelle Krol

It spektrum fan it leauwen by doopsgesinden - ek wol mennisten en mennoniten neamd - lit in grut ferskaat sjen. Fan tige tradisjoneel en konfesjoneel oant o sa liberaal en foarútstribjend. De doopsgesin-den wolle har oer it algemien net bine oan dogma’s. Se ferwurdzje sels har belidenis en dêrop wurde se – as folwoeksenen – doopt. Wapens tsjin oaren opnimme, giet yn tsjin wêr’t se foar steane en se kenne grutte wearde ta oan de selsstannigens fan elke tsjerklike gemeente. Oer it generaal woene se har net jaan yn oerheidssaken en it ôflizzen fan de eed gie en giet by de measten fan harren yn tsjin har prinsipes. De Doops-gesinde tsjerke is foaral bekend as fredestsjerke. Nei de Twadde Wrâldoarloch hat benammen de Doopsgesinde Fredesgroep, dy’t tsjinstwegerers help bea, grutte bekendheid krigen.

UtstallingenBy Tresoar binne trije útstallingen te sjen: (1) ‘Doopsgezind mijn passie’ oer doopsgesinden yn it Nederlân fan hjoed-de-dei(2) ‘Doperse Diaspora’ oer doopsge-sinden dy’t yndertiid nei it bûten-lân ta flechte of ferdreaun binne (3) ‘Doopsgesinden út Fryslâns ferline’ oer Menno Simons en oare bekende mennisten

(1) It earste part - op it plein fan de stúdzjeseal - lit sa’n hûndert minsken oertsjûge oan it wurk sjen yn har eigen doopsgesinde gemeente. Fotograaf Bert Jansen hat har op de foto set. Boppedat kinne mei help fan in ‘touch screen’ op in grutte tafel dêr’t Nederlân op ôfbylde is yn prinsipe alle hjoeddeiske Nederlânske Doopsgesinde tsjerken (ek wol ‘fer-manjes’ neamd) ‘oanklikt’ wurde.

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 6

Menno! 3 útstallingen oer mennisten

Menno Simons ferstoar dit jier 450 jier lyn. Ek by Tresoar wurdt dat betocht.

Menno Simons (Wytmarsum, 1496 – Oldesloe/Wüstenfelde, 1561) is de iennige

herfoarmer út Nederlân dy’t yn de hiele wrâld folgers krige. Syn folgelingen, anno 2011

goed oardel miljoen, binne nammers mear yn it bûtenlân as yn Nederlân te finen.

Skûltsjerke yn Penjum.

Page 7: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Op dy manier kin men oer dy tsjerklike gemeenten alderhanne byldmateriaal sjen en kin men de skiednis fan dy gemeenten op it spoar komme.

(2) De doopsgesinden yn de diaspora, de útstalling yn de saneamde ‘trijehoek’ yn de stúdzje seal, lit de skiednis sjen fan it wêrom fan de ferfolgingen fan de mennisten en fan de plakken dêr’t hja har nei wenjen set hawwe. Mei-inoar hawwe hja útienrinnende tradysjes yn stân hâlden: De útstalling toant ûnderdielen fan de tradysjes fan de doops gesinden oangeande it hantwurkjen (ûnder oare ek quilts), it skriuwen (‘Fraktur’), it itensieden, it sjongen, de klaaiïng en de taal.

(3) Yn de grutte útstallingseal krije bekende doopsgesinden út Fryslâns ferline omtinken om ûnderskate aspekten fan it Fryske doperdom beljochtsje te kinnen. Ut soarte stiet Menno Simons sels sintraal. Oangeande de earste doperske martler Sicke Freerxz, troch waans dea Menno Simons fragen stelde by de bernedoop, wurde ek nijsgjirrige dokuminten toand. It kulturele aspekt by de mennisten komt op it aljemint by it skilderwurk fan Lambert

Jacobs, mar ek troch dichterlik wurk fan froulju lykas Francijntje de Boer. Mei help fan in selekte kar oan objekten en dokuminten wurde de tige útienrinnende opfettingen oangeande lear en libben yllustrearre. Dat giet fan rike famyljes lykas Stinstra en Cats oant de folle ienfâldiger Balkster fine mennisten dy’t fanwegen har leauwen nei Amearika ferfearen. Ek ûntbrekt Joast Hiddes Halbertsma net, de gelearde en menniste-dûmny,

likemin as de follesidige Sjouke de Zee, dy’t gâns dien hat om in oar lûd te jaan as de liberale doperske frijsinnigen. Mei it hâlden fan Gemeentedagen en it organisearjen fan jongereinkampen woe er brede lagen by de tsjerke en it tsjerkewurk belûke. Ta beslút is der ek omtinken foar Anne Zernike, dy’t yn 1911 yn Nederlân troch de Mennistegemeente fan ’e Knipe as earste frou yn it amt fan foargonger befêstige waard.

De beide tentoonstellingen in de studiezaal (‘Doopsgezind mijn passie’ en ‘Doperse Diaspora’) zijn in december al te bezoeken. De expositie ‘Vensters op Doopsgezinden uit Frieslands verleden’ in de grote museunzaal wordt op zondag 22 januari 2012 om 14.00 uur feestelijk geopend. Die dag is gekozen vanwege Wereldbroederschapsdag. Op de zondag het dichtst bij 21 januari werd in het jaar 1525 in Zwitserland een verbod ingesteld op het hou-den van samenkomsten door dopersen. Wereldwijd wordt op Wereldbroederschapsdag herdacht dat er in het verleden vervolgingen zijn geweest, maar dat men nu – haast – overal kan samenkomen zonder voor geweld te hoeven vrezen. Er is een optreden van een cantorij, een aanbieding van Doopsgezind! Mijn passie!, en een lezing over van prof. dr. Piet Visser. De tentoonstellingen zijn tot 1 april 2012 te bezichtigen. Opgave voor de opening kan telefonisch (058-7890789) of via de mail ([email protected])

Page 8: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 8

Anne ZernikeIn samenwerking met de Vrouwen van Nu organiseert Tresoar twee keer een optreden van Korneel Roosma als Anne Zernike. Honderd jaar geleden werd Anne Zernike (1887-1972) bevestigd in het ambt van voorganger in de Doopsgezinde gemeente Bovenknijpe. Ze was de eerste vrouwelijke predikante die een functie vervulde in een ker-kelijke gemeente in Nederland. De toneelvoorstellingen zijn 2 februari en 1 maart op Tresoar van 13.30 tot 17.00 uur. Meer informatie staat op www.annezernike.nl.Wilt u de voorstelling bijwonen, dan kunt u zich opgeven, 058-7890789 of [email protected].

De doopsgezinden of mennonieten waren in de zestiende en zeventiende eeuw in Friesland erg talrijk. Eén van de meest bekende kenmerken van de doopsgezinden is dat zij alleen de doop op belijdenis erkennen. Daardoor zijn er onder hen geen doopboeken van pasgeborenen te vinden. Omdat bij genealogisch onderzoek van vóór 1811 de doopboeken essentiële informatiebronnen vormen, wordt het onderzoek hierdoor moeilijker.

Met andere historische bronnen, zoals belastingkohieren en de archieven van de Nedergerechten, kunt u verder speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis workshop waarin Sietske Bloemhof (Tresoar) uitlegt hoe deze archieven te raad plegen zijn en wanneer en waarvoor u die kunt gebruiken. Opgeven kan door een email te sturen ([email protected]) of te bellen (058-7890789).

Studiedag over Doperse diasporaDe Doopsgezinde Historische Kring organiseert in samen werking met Tresoar op zaterdag 31 maart 2012 een studiedag over Doperse diaspora. Arlette Kouwenhoven zal spreken over haar boek De Fehrs: Kroniek van een Nederlandse mennonietenfamilie, Tjeerd de Graaf over de taal van mennisten in de diaspora en Koen Zondag over de opvang, kort na de Tweede Wereldoorlog, van uit het oosten weggevluchte Doopsgezinden. Meer informatie volgt op www.tresoar.nl

Workshop Doopsgezinde genealogie

Page 9: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Sicke Freerxz is één van de bekendste doopsgezinden van het eerste uur. Hij had zich in Emden laten herdopen en werd hierom door het Hof van Friesland op 20 maart 1531 veroordeeld tot onthoofding door de scherprechter bij de Kanselarij.Dit is het vonnis en de transcriptie daarvan.

Page 10: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 10

tiid, mar nei’t ik der west ha, sjoch ik mei oare eagen nei mysels en de hektyske maatskippij dêr’t we yn libje. Dan sjochst pas hoe nuver oft we eins allegear mei elkoar dogge mei ús drokke bestean en dat we altyd fan alles dwaan en hawwe moatte. Nei dy besite begûn ik my ôf te freegjen oft it oars kin, yn dizze gekkeboel te libjen. Sa ha ik der bygelyks foar keazen om gjin mobile telefoan te hawwen.’

Gûle yn in grotOnijdes Sijtsma komt út in mennistelaach. ‘Heit en mem wienen beide mennist en aktyf yn tsjerke. Se krigen geregeld allerhanne minsken oer de flier. Sa kamen ek ris fjouwer Amerikaanske professoaren útfanhûs. Us heit sei: dat is goed foar dy, dêr learst Ingelsk fan. Ik wie doe in jier as santjin. Dy minsken wisten mear fan ús as wy fan har.

holle doe’t se ús foarbyrieden. It kin de Old Orders sels neat skele, se kieze derfoar om sa te libjen, foar har is sa’n uterlik gewoan.’

GekkeboelOnijdes Sijtsma hat sels ek by de Amish yn Lancaster County, Pennsylvania west. ‘Dat wie in hiel bysûndere erfaring dy’t my as minske riker makke hat. De Amish ûntlûke har sa folle mooglik oan de maatskippij. Se ha gjin elektrisiteit en ride bygelyks yn koetsen. Ast dêr bist, hast it gefoel datst yn it Nederlân fan ein njoggentjinde ieu telâne komst. Der kamen sa’n fyftich minsken om ús te moetsjen. Se namen alle tiid en fertelden oer harsels, har famylje en har skiednis. De manlju en froulju sieten apart. It smiet fassinearjende petearen op. Ik soe sels wol sa libje wolle, mar wit dat ik it net oprêd. Ik bin fan dizze

| Marijke de Boer

‘Wat Israël foar de Joaden is, is Fryslân foar de mennisten’, fertelt Onijdes Sijtsma (1953). De learaar skiednis oan it RSG yn Snits ûntfangt geregeld mennisten út alle hoeken fan de wrâld by him thús en nimt se mei op ûntdekkingsreis. Se komme nei Europa om har woartels te ûndersykjen en bringe dêrby in besite oan de doperse monuminten yn Wytmarsum en Penjum. ‘Ik ha geregeld nuver selskip by my,’ seit er wat gekoanstekkerich oer syn rol as gids. ‘De iene kear kom ik mei 150 German Brethern, fan oarsprong Dútsers, by Tresoar dy’t alles fan har komôf witte wolle, en in oare kear ryd ik mei in bus fol Old Order Mennonites troch it lân. De Old Order Mennonites binne in sobere fariant fan ús leauwe. Se sieten allegear mei in hoed op yn dy bus. Dat wie kennelik in apart gesicht, want in soad automobilisten draaiden de

Tresoar betinkt mei trije útstallingen dat Menno Simons 450 jier lyn stoarn is.

De yn Wytmarsum berne pryster Simons (1496-1561) is de grûnlizzer fan

de mennistebeweging. Yn Fryslân binne no noch sa’n twatûzen mennisten

of doopgesinden. Fanwege har leauwe moasten in soad mennisten yn de

sechtjinde ieu flechtsje om oan de dea te ûntkommen. It leauwe is dêrmei oer

de hiele wrâld ferspraat. Tal fan mennisten komme nei Fryslân om mear oer har

skiednis te learen. Onijdes Sijtsma is faak har gids.

‘It mennist-wêzen makket my kleurryk’

Page 11: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Se fertelden ferhalen oer it Fryslân om 1550 hinne en harren mennisten. Ik ha my doe noait ôffrege wêrom’t se by ús ûnderdak krigen.’ Pas yn de stúdintetiid yn Grins is er him begûn te ferdjipjen yn syn leauwe en de achtergrûnen derfan. ‘Mennisten binne frijsinnich en dy eigen wize fan kristlik tinken ynteressearret my. Dy belangstelling wie fan hûs út al latint oanwêzich, mar waard sterker nei’t ik de minske achter it leauwe trof.’ Doe’t de pastory fan de mennistetsjerke yn Berltsum leech kaam te stean, hat Onijdes Sijtsma dy kocht. ‘Oars soe de boel fertutearzje, wie ik bang. Ik kaam der as bern al, gie dêrnei as iennige jonge tusken seis famkes nei sneinsskoalle. Ik wenje der no mei myn gesin. It is in grut hûs. We ha twa keamers mei in badkeamer foar gasten ynrjochte. Ferneamd mennist en boekeskriuwer út Amearika, John Landis Ruth, kaam ris yn de pastory te útfanhúzjen mei syn bern. Hy hat mei yn 1970 de organisaasje TourMagination opset foar reizen

nei Mennist Europa. Letter ha ik mei him troch Switserlân reizge nei plakken fan de mennisteskiednis. Hy liet dêr yn in bosk in grot sjen dêr’t se it Wurd liezen. Dat wie foar guon reizgers dy’t mei ús mei wiene hiel emosjoneel, se gûlden der fan. Soks is foar in nuchtere Fries hast net yn te tinken, dat dogge wy net. It is moai om te sjen en mei te meitsjen dat se sa rekke binne en it makket my bewust fan mysels.’ Der steane soms tsien kear yn it jier minsken foar de doar fan de âlde pastory yn Berltsum. ‘Se komme rûnom wei, út Brazilië, de Feriene Steaten, Kanada of út Europa. Allegear binne se benijd nei de skiednis fan har famylje en berteplak fan har leauwen. Ik nim se faak mei op sleeptou, nei Wytmarsum of Penjum dêr’t Simons kapelaan wie, mar ek nei Tresoar om de famyljeskiednis út te sykjen. As se Durks of Wiebe hite, kinst der op rekkenje dat har foarâlden út Fryslân komme.’ De mennisten witte Sijtsma te finen troch in wrâldwiid netwurk fan sa’n twatûzen adressen,

Mennonite Your Way. Foar fyftjin euro de nacht kinne se ûnderdak krije.

RestaurantSindeling wêze heart net by de mennisten. Se fine dat minsken ferantwurdlik foar harsels binne. De eigen keuze bepaalt. Wol soe Onijdes Sijtsma it ferhaal en de skiednis fan de mennisten wat sichtberder meitsje wolle. ‘Yn Amearika stelle minsken har foar troch har namme te sizzen en faak komt der noch in sin achteroan: I’m a Christian. Soks dogge we hjir net, dat doar ik sels ek net. It liket my hiel aardich om it tinken fan de mennisten yn wat konkreets út te dragen troch bygelyks in mennisterestaurant te begjinnen. Guon Amish ha in restaurant oan hûs. Ast dêr op besite bist, komst yn de kunde mei in oare wize fan libjen. Der is omtinken foar it gesin, de famylje en de tsjerklike gemeente. Se binne mei elkoar ferbûn en dat mis ik yn ús maatskippij dêr’t it yndividu sa belangryk makke is.’

Onijdes Sijtsma. (Foto Haye Bijlstra)

Page 12: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 12

Feroarings op stúdzjeseal Yn de stúdzjeseal binne sûnt koart in tal feroarings trochfierd.

Doel is om de klanten fan Tresoar effektiver te betsjinjen.

| Aly de Boer

Mei de fúzje fan Ryksargyf, Provinsjale Biblioteek en Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn 2002 kamen de ferskate aktiviteiten by elkoar op ien stúdzjeseal op Tresoar. De funksjes en taken fan de stúdzjesealmeiwurkers waarden dêrmei folle breder en grinzen ferfagen. Oan de baalje fûnen alle wurksumheden plak. Yn de rin fan de jierren ûntwikkele Tresoar mei yn de maatskiplike ûntwikkelingen sa as ynternet, social media en digitalisearring. Wie Tresoar earder noch rjochte op kennissintrum, yn 2009 kaam de klam te lizzen op moeting en it dielen fan de erfaring. Doel wie midden yn de maatskippij te stean en minsken diele litte yn wat Tresoar is en yn hûs hat. De rol fan de meiwurkers op de stúdzjeseal feroare dêrmei ek. It wie net mooglik fleksibel yn te spyljen op de nije ûntwikkelingen trochdat alle wurksumheden plakfûnen by de baalje. Der kaam in nije ferdieling

tillefoan wurdt net mear by de baalje opnommen, mar yn in aparte kantoarromte, de saneamde back office. Dêr is de rêst en romte om de klant oan de tillefoan effisjint en dúdlik fierder te helpen. Ek kinne meiwurkers dêr brieven beäntwurdzje. Troch dizze nije wize fan wurkjen ûntstiet der romte foar de meiwurkers om aktiviteiten te organisearjen om minsken bûten it gebou om yn ’e kunde te bringen mei de kolleksje fan Tresoar. De meiwurkers fan it team ynformaasjefoarsjenning wolle minsken diele litte yn wat Tresoar is en wat Tresoar yn hús hat. Mei de taken en aktiviteiten te klusterjen op it plak dêr’t se hearre, ha de meiwurkers dy romte om nije taken op te pakken dy’t feroaringen yn de maatskippij mei him bringe, lykas it mei in stand yn de Blokhuispoort stean by de iepen dagen. Nije taken dy’t de fysike en digitale klanten fan Tresoar mooglikheden biede yn har eigen deistige wrâld fan belibjen.

fan taken en aktiviteiten, rjochte op it betsjinjen fan de fysike én digitale klanten, mei de klam op kwaliteit.

RomteYn dizze nije wurkwize ‘Stúdzjeseal nije styl’ wolle de meiwurkers fan it team ynformaasjefoarsjenning, sa’t de eardere stúdzjesealmeiwurkers no hite, wer de taken en aktiviteiten útfiere dêr wêr’t se it bêste dien wurde kinne. De baly is net langer mear it sintrale punt dêr’t alle wurksumheden plakfine dy’t mei it kontakt mei de besikers fan Tresoar te krijen ha. Der is no in ferskil kommen yn it wurk fan de klanten op de stúdzjeseal en de minsken dy’t fan bûten it gebou fragen ha oer de kolleksje. De meiwurkers fan it team ferdiele har wurk yn in saneamde front office en back office. De baaljemeiwurker is de gasthear/gastfou fan Tresoar hâldt him/har dwaande mei de taken op de stúdzjeseal en is der foar de oanwêzige klanten. De

De meiwurkers op de stúdzjeseal rjochtsje har op de klanten yn Tresoar.

(Foto Haye Bijlstra)

Page 13: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

| Wilma Hogenhuis

Tijdens dit weekeinde opent de Blokhuispoort een gedeelte van zijn gebouwen voor bezoekers. Veel bedrijven die in het gebouw zijn gevestigd houden open huis. Er is ook een markt, muziek en een gelegenheid om te eten en drinken.

Tresoar bewaart in zijn collectie de archieven van het gevangeniswezen en die van de rechtbanken van Sneek, Heerenveen en Leeuwarden. Op de website van Tresoar is het mogelijk de database strafrecht te doorzoeken. Dat kan door alfabetisch op achternaam naar eventuele criminele voorouders te zoeken. De rolboeken van de arrondissementsrechtbanken over de jaren 1838-1934 zijn ook digitaal te doorzoeken. Medewerkers van Tresoar kunnen helpen met zoeken in de database. In de stand zijn laptops aanwezig om u op weg te helpen. Een uitgelezen kans om uit te zoeken of en waarom uw voorouders in het gevang hebben gezeten. Meer informatie over de kersthappening is te vinden op www.blokhuispoort.nl.

Tresoar in Blokhuispoort

Archieven van het gevangeniswezen en rechtbanken zijn

te raadplegen op de kersthappening in de Blokhuispoort

in Leeuwarden. Tresoar is daar zaterdag 17 en zondag

18 december bij aanwezig.

Wat: kersthappening met

archieven Tresoar

Waar: Blokhuispoort in

Leeuwarden

Wanneer: zaterdag 17 en

zondag 18 december

Page 14: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 14 Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 14

| Bert Looper

Fryslân is rijkdom en verschei-denheid in ruimte, in land-schap en in wat mensen doen in hun land. Maar Fryslân is ook rijkdom en verscheidenheid in tijd, in geschiedenis en in wat mensen door de eeuwen hebben gedaan. Door de beelden, ideeën en opvattingen die we van-daag de dag hebben over onze provincie, raken we wel eens het zicht kwijt op al die andere Fryslannen die er in de afgelopen eeuwen zijn geweest. Het is van belang al die Fryslannen te leren kennen. Zij hebben hun stempel gedrukt op het huidige Fryslân, zij zijn de bouwstenen van onze moderne identiteit en authen-ticiteit. Tresoar biedt toegang tot al die andere Fryslannen, om het belang van de geschiede-nis zelf en om het belang van reflectie op en kennis van onze eigen samenleving. Tresoar doet dat niet om uit te leggen wat we allemaal hebben verloren, maar om te verkennen wat we nog zouden kunnen vinden.

De archieven en collecties van Tresoar hebben een belangrijke informatiewaarde voor de kennis van het verleden, maar vormen ook inspiratie en bouwmateriaal voor de toekomst van Fryslân. CultuuroverdrachtTresoar staat in het centrum van één van de belangrijkste proces-sen die een maatschappij tot een ware samenleving maken: cultuuroverdracht. Het proces van cultuuroverdracht is een dialoog met elkaar, met anderen, met het verleden, met het nu en met de toekomst. In dit proces gaat het om een enorme dyna-miek van vraag en antwoord, stem en tegenstem, traditie en innovatie. Cultuuroverdracht gaat over betekenis en zingeving, over kennis en informatie, over kritiek en discussie. Het proces van kennisoverdracht is van essentieel belang voor de toekomst van de Friese samenleving. Het gaat om de overdracht van mate-riële en immateriële cultuur, van

dingen, gedachten en ideeën. Het erfgoed in de vorm van taal, literatuur, geschiedenis, land-schap en kunst vertegenwoordigt de grote culturele diversiteit van onze provincie. Tresoar ziet het als zijn taak te laten zien hoe erfgoed in een dynamisch proces van cultuuroverdracht de samenleving niet alleen een stevige basis, maar ook scenario’s voor de toekomst geeft. MissieTresoar heeft als missie een cen-trale rol in de Friese samenleving als centrum van cultuurover-dracht te willen spelen. Tresoar verrijkt de samenleving via zijn collecties en informatienetwer-ken met kennis van en inzicht in ontwikkelingen en gebeur-tenissen, ideeën en emoties die relevant zijn voor Fryslân. De taak om cultuur over te dragen en door te geven impliceert ‘dynami-sering’ van het erfgoed. Erfgoed is niet het afgesloten deel van onze cultuur dat keurig opgepoetst

Naar een nieuw beleidsplan 2013-2016

Op zoek naar het andere FryslânVoor de periode 2013-2016 gaat Tresoar in de komende maanden een

nieuw beleidsplan ontwerpen en presenteren. Inmiddels is in de organisatie

de discussie over de koers in de nieuwe beleidsperiode op gang gekomen.

De discussie wordt gevoerd op basis van een aantal uitgangspunten. Graag

deelt Tresoar ook nu al met de Vrienden de eerste aanzetten voor het plan.

Het zou prachtig zijn als u ook uw mening wilt geven via [email protected].

Page 15: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

en afgestoft in de depots ligt, maar erfgoed is actueel en geeft betekenis en zin aan heden en toekomst. Wanneer erfgoed en cultuuroverdracht in een dyna-misch proces samengeklonken worden ontstaan enkele belang-rijke toegevoegde waarden. Toegevoegde waardenDe toegevoegde waarden van Tresoar bevatten vier aspecten. Als eerste is dat onderzoek, infor-matie- en bronwaarde. Erfgoed gaat over betekenis en zingeving, maar de omvangrijke archieven en collecties van Tresoar hebben ook een essentiële informatie- en bronwaarde. De archieven en collecties worden bewaard als grondslag voor interpretaties van het verleden, als deel van het collectieve geheugen. Met deze bronnen kunnen we het verleden problematiseren en kunnen we afstand nemen van het heden. Tresoar staat voor de integriteit en authenticiteit van zijn archieven en collecties om te allen tijde het kritische onderzoek te kunnen faciliteren. De doelstelling daarbij is dat Tresoar hét historisch en letter-kundig informatie- en kennis-centrum van Fryslân is en streeft naar een zo volledig mogelijke collectie ‘Fryslân in context’. Als tweede is dat cocreatie, litera-tuur en culturele cross-overs. Erfgoed is een inspiratiebron voor het nieuwe, voor innova-tie. Tresoar is een belangrijke instelling voor creatie, vooral op

het terrein van de Friese litera-tuur en cultuur. De doelstelling daarbij is dat Tresoar de produc-tie van Friestalige cultuur en literatuur stimuleert en facili-teert en een podium biedt voor talentontwikkeling. Als derde is dat valorisatie, maatschappelijke relevantie. Cultuuroverdracht maakt een maatschappij tot een ware samenleving. In zijn speci-fieke taken wil Tresoar het Friese erfgoed een zo groot mogelijk maatschappelijk rendement geven: betekenis en zingeving voor de individuele burger, maar ook voor commu-nities, voor de overheid en voor de economische en toeristische sector. De doelstelling daarbij is dat Tresoar het gebruik van zijn archieven en collecties in

alle sectoren van de samenle-ving stimuleert en faciliteert en daartoe de digitale beschik-baarheid en toegankelijkheid van zijn materiaal intensiveert. Als laatste is dat laboratorium, maatschappelijk digitaliseren. Nauw verbonden met creatie is het experiment. Juist vanwege de bijzonder Friese dynamiek tussen vernieuwing in landelijk en Europees perspectief, ziet Tresoar het als zijn taak om zijn archieven en collecties te active-ren binnen het maatschappelijk experiment. De doelstelling daarbij is dat Tresoar actief initieert en participeert in pro-vinciale en lokale pilots die zich ten doel stellen de leefbaarheid en sociale duurzaamheid van Fryslân te versterken.

Naar een nieuw beleidsplan 2013-2016

Op zoek naar het andere Fryslân

Bij dit werk van Jopie Huisman, Bosje in de winter, uit 1993, schreef Elske Kampen het gedicht Yn tiid en wyn voor de bundel Lytse werklikheid, waarin het werk van Jopie Huisman dichters inspireerde. Het is een voorbeeld van erfgoed als inspiratiebron om iets nieuws te maken. (Jopie Huisman Museum)

Page 16: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 16

| Wieke de Haan

Ien fan de wizen dêr’t de bûtensteander de gearwurking al goed yn priuwe koe, ha de aktiviteiten yn De Moanne fan it Fryske Boek (#MfiFB) west. Elk dy’t tusken heal septimber en heal oktober Tresoar ynstapte, kaam daliks yn in fûgelflecht telâne fan treastfûgels. Der hongen mar leafst 100 Kadoboeken fan Hylke Speerstra yn de hal, om daliks oan te jaan dat it allegear draaide om de Fryske boeken. Yn mear as fyftich aktiviteiten wie de gearwurking fan Tresoar mei It Fryske Boek goed te fernimmen. De ynstek yn De Moanne fan it Fryske Boek wie om it Frysk-literêre klimaat te ferbetterjen. De oerweldigjende media-oandacht hat dêr flink ta bydroegen. De aktiviteiten wiene net allinne fia websiden, nijsbrieven en posters oankundige, mar ek fia in behindich optearber festivalgidske en berjochtsjes op Twitter.

PersonielDe meiwurkers fan It Fryske Boek wurde sawol ynset by Tresoartaken, bygelyks balywurksumheden, as by ‘typyske’ Fryske Boek-aktiviteiten. Mar oarsom wurket it ek: Tresoarminsken dy’t folop meidraaie mei boekepromoasjes en literêre jûnen. In sterker team, mei in protte nije ideeën. De Fryske Boekers hawwe it tige nei’t sin by Tresoar en sjogge it as in prachtkâns om mei de promosjonele wurksumheden trochgean te kinnen yn in folle bredere omjouwing.

It Fryske Boek yn TresoarAuck Peanstra yn de Fertelbus yn Arum. (Foto Durk Hibma)

Twa jier lyn kaam It Fryske

Boek by Tresoar yn. Nei

in perioade fan wenne,

yntegrearje en ynpasse

is besletten dat de

foarnommen plannen oer in

fierdergeande gearwurking

trochgean kinne. Yn

novimber hat in petear mei

de belutsen personielsleden

fan It Fryske Boek west mei

de stêf fan Tresoar en ‘sa’t

knipt is, sil ’t naaid wurde’.

Page 17: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

| Teake Oppewal

De sprekkers hawwe de opdracht oannommen om in markant aspekt fan de Fryske literatuer út te wurkjen yn in lêzing en essay. Elke lêzing stiet lykwols op himsels. It leit yn de bedoeling om alle lêzingen te publisearjen yn it aprilnûmer-2012 fan it literêr tydskrift Ensafh.

Tiisdei 17 jannewaris 2012André Looijenga oer Literatuer yn lytse talen, skriuwe yn in minderheidstaal – wat betsjut dat? Tresoar, Ljouwert

Tiisdei 31 jannewaris 2012Greet Andringa oer Dien wurk, besprek fan de fiif romans fan Koos Tiemersma. Biblioteek, It Hearrenfean

Tiisdei 14 febrewaris 2012Sigrid Kingma oer Fryske berne literatuer, ûntjouwingen en foarútsjoch oan de hân fan de ôfrûne 20 jier. Biblioteek, Drachten

Tiisdei 28 febrewaris 2012Nyk de Vries oer Raffelich realisme? Nije streaming fan in jonge generaasje skriuwers. Biblioteek, Snits

Alle jûnen begjinne om 20.00 oere. Tagong €5,00 de jûn, ynklusyf kofje. Freonen fan Tresoar, biblioteekleden en studinten krije koarting. Foar mear ynfomaasje, sjoch op www.sirkwy.nl Neiere ynformaasje oer it krekte plak komt meidertiid ek op dy webside.De fjouwer jûnen mei lêzingen oer Frysk literêre ûnderwerpen dy’t earder hâlden binne, binne werom te finen op www.sirkwy.nl ûnder ‘seminar’.

De Fryske literatuer is in

nijsgjirrich bedriuw dêr’t fan

alles oer te sizzen falt: de

teksten sels, de gearhing

dêrtusken, de auteurs, de

ûntjouwingen en skiednis,

en ek it ‘tuskenbeidenplak’

fan de Fryske literatuer as

literatuer yn in lytse taal.

Begjin 2012 is in nije rige mei

lêzingen yn fjouwer Fryske

stêden, se foarmje in literêre

4-stêdetocht.

Literêre 4-stêdetocht

Page 18: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 18

| Ids de Jong

Om oude jaargangen van Friese kranten in te zien was men tot voor kort aangewezen op Tresoar. Op de studie zaal zijn microfilms van de kranten te bekijken. Sinds 2007 zijn een paar kranten digitaal beschikbaar. De belan grijkste titel is de Leeuwarder Courant. Op www.dekrantvantoen.nl zijn alle ooit verschenen afleveringen van dit dagblad gratis in te zien. De Konink-lijke Bibliotheek is begonnen met de digitalisering van zijn kranten en daardoor komen er heel wat krantentitels bij, waaronder ook enkele Friese.

Medio 2012 zal het krantendigitaliseringsproject van de KB zijn afgerond. Een overzicht van welke jaargangen van welke kranten zijn opgenomen, is te vinden op www.kranten.kb.nl.

Op www.kranten.kb.nl worden jaargangen van de volgende Friese kranten digitaal beschikbaar gesteld:

• het Nieuwsblad van Friesland, beter bekend als de Hepkema (jrg. 1902-1950), een zeer populaire krant in met name het zuiden van Fryslân

• het Leeuwarder Nieuwsblad (jrg. 1925-1940), ook een uitgave van de familie Hepkema, en vooral in de noor-delijke helft van Fryslân populair

• de uit het verzet voortgekomen Heerenveensche Koerier (jrg. 1945)

• de voortzetting van deze krant, de (progressieve) Friese Koerier (jrg. 1953-1969)

• de Friesche Courant (jrg. 1796-1798), een krant van radicale snit, indertijd opgericht als concurrent van de bedaagde Leeuwarder Courant

• het gereformeerde Friesch Dagblad (jrg. 1940)

Hepkema op internet

Page 19: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Tresoar ontwikkelt een toegangspunt voor

de elektronische bronnen van Tresoar. In de

nabije toekomst zijn de bronnen die nu nog

alleen op de studiezaal zijn te raadplegen,

daardoor ook thuis op de computer in te

zien. De eerste stap is om deze nieuwe

toegang gereed te maken in de studiezaal.

| Ids de Jong en Hans Laagland

Tresoar biedt allerlei soorten informatie, uit boeken, tijdschriften, kranten, archiefmateriaal, documenten, CD’s en DVD’s, en noem maar op. Deze informatie komt ook steeds meer beschikbaar in digitale vorm, zoals bijvoor-beeld online encyclopedieën van de Oxford Reference Online of de online kranten-kiosk PressDisplay. Ook officiële publicaties uit onder andere de Staatscourant en Kamerstukken via Opmaat zijn digitaal, of tijdschriften die hun nieuwste nummer of juist hun volledige archief via een (eigen) website digitaal aanbieden. Veel van deze ‘e-bronnen’ zijn te raadplegen in Tresoar via speciaal hier-voor geprepareerde computers met de staande schermen vooraan in de studiezaal.

DienstverleningTresoar is bezig met de ontwikkeling van een nieuwe toegang tot het raadplegen van elektronische infor-matie. In deze nieuwe toegang staan alle e-bronnen voortaan bij elkaar zodat ze gemakkelijk zijn in te zien. Deze nieuwe verzamelplaats voor alle e-bronnen zal eerst alleen binnen Tresoar beschikbaar komen. In de toekomst bouwt Tresoar deze dienstverlening uit opdat klanten van Tresoar deze e-bronnen ook thuis op de computer kunnen bekijken, door in te loggen op de website van Tresoar met een wachtwoord. Daarmee komt het thuisgebruik van digitale informatiebronnen binnen handbereik. Met deze nieuwe verzamelplaats kan Tresoar het gebruik van deze digitale informatie-bronnen meten. Blijkt er weinig of geen belang stelling te zijn voor een bepaalde digitale bron, kan Tresoar besluiten om dit elektronische abonnement op te zeg-gen dan wel om er meer promotie voor te maken. Is er veel belangstelling, dan kan Tresoar overgaan tot de aanschaf van extra licenties voor die bepaalde bron zodat meer bezoekers tegelijkertijd die e-bron kunnen doornemen. In de loop van tijd zal deze nieuwe toegang steeds verder worden uitgebreid met nieuwe bronnen. Zo blijft Tresoar werken aan een goede dienstverlening voor de klant, ook als het gaat om het beschikbaar stellen van digitale informatie. Deze nieuwe toegang is binnen afzienbare tijd beschikbaar in de studiezaal en in de toekomst ook bij de klant thuis.

Nieuwe toegang tot elektronische bronnen

Page 20: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 20

| Ids de Jong

Alle militieregisters van Tresoar uit de periode 1863-1914 zijn digi - taal beschikbaar op de site www.militieregisters.nl. Aan de ontsluiting van deze bron werken vrijwilligers uit het hele land via de site www.velehanden.nl. Wekelijks komen er nieuwe data bij zodat er steeds meer informatie over voor ouders terug te vinden is. In de militieregisters is de administratie bijgehouden van alle mannen, die

werden opgeroepen voor de dienst-plicht. De bron is landelijk bewaard gebleven en is opgetekend in de periode van 1814 tot en met 1941. Bij Tresoar zijn helaas alleen de gegevens van 1863 tot en met 1914 bewaard. In de militieregisters is het niet alleen mogelijk op naam van uw voorouders te zoeken, maar u kunt ook informatie achterhalen over het beroep, uiterlijk, medische conditie en dienstplicht. Het zoeken op naam van uw voor-

vader is gratis en tegen betaling kunt u de originele scan van de gegevens bekijken en downloaden.

Wilt u meehelpen om de scans toe-gankelijk te maken, dan kunt u zich aanmelden bij www.velehanden.nl. Vrijwilligers verdienen punten voor het invoeren van gegevens. In het geval van militieregisters kunnen deze punten ge-bruikt worden om scans te downloaden waarvoor anders betaald moet worden.

Militie-registers online

Wat: symposium over Sonttolregisters

Waar: Tresoar

Wanneer: vrijdag 3 februari 2012 van 13.30-17.30 uur

Nadere aankondiging volgt op www.tresoar.nl.

Tresoar en de Rijksuniversiteit Groningen werken sinds 2008 aan een digitale ontsluiting van de Deense Sonttol registers via de website www.soundtoll.nl. Op dit symposium ‘De Sonttolregisters als bron voor historisch onderzoek’ van de werkgroep Maritieme Geschiedenis van de Fryske Akademy wordt de stand van zaken toegelicht. Er komen enkele sprekers aan het woord over hun onderzoek naar de maritieme geschiedenis en het gebruik van onder meer deze bron. De inleiders zijn: Jan Willem Veluwenkamp, Milja van Tielhof, Simone Steenbeek, Werner Scheltjens en Harm Nijboer.

Symposium over Sonttolregisters

Page 21: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

| Siem van der Woude

In het eerste concert staan de liederen centraal die door enkele leden van de familie Van Humalda van Eysinga zijn gecomponeerd. De Eysinga’s waren verdienstelijke musici die zich niet tot alleen het uitvoeren beperkten, maar zich ook waagden aan het componeren van liederen. Ze waren daarbij duide-lijk beïnvloed door de muziek uit hun eigen tijd, omstreeks 1900. De opzet van dit concert is dat de ‘Van Eysinga-liederen’ ten gehore wor den

gebracht in combinatie met liederen van bekende componisten die mogelijk qua klank en kleur hebben gediend als inspiratie. Het concert wordt gegeven door de Friese solisten Jan Ate Stobbe (tenor) en Janny Zomer (sopraan). Beide zangers hebben hun sporen als solist verdiend op nationale en interna-tionale podia, met name met de uitvoering van opera’s. Ze worden op de vleugel begeleid door de pianist Frans Douwe Slot.

Yn de argiven sjongt de tiid

In de archieven van Tresoar wordt af en toe bladmuziek

ontdekt. Soms gaat het om studiemateriaal van leerlingen,

in een enkel geval ook om muziek die is gecomponeerd of

bewerkt door Friese musici. Tresoar heeft het plan opgevat om

de komende jaren af en toe een concert te organiseren rond

deze veelal onbekende bladmuziek uit de eigen collectie.

Wat: Tresoarconcert

Waar: Groate Kerk in St. Jacobiparochie

Wanneer: zondag 12 februari 2012. De inloop is vanaf 14.30. Het concert duurt tot ca. 17.00 uur.

De toegangsprijs is € 17.50, kaarten kunnen voor 4 februari via de mail ([email protected]) worden besteld.

Cornelis van Humalda van Eysinga (1870-1938).

Page 22: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 22

| Marijke de Boer

By syn libben hie Johannes Bernardus Schepers (1865-1937) al bepaald dat it Fryske materiaal fan syn neilittenskip nei de Provinsjale Biblioteek yn Ljouwert moast. Dy seis argyfdoazen mei boeken, artikelen en brieven binne ynventarisearre. Goed in jier lyn krige Tresoar fan de bernsbern fan Schepers noch trije doazen út it erfskip. Doe’t Tsjerk Veenstra om in ûnderwerp socht foar syn skripsje, brocht Jelle Krol him op it spoar fan J. B. Schepers. Wylst er oan syn ûndersyk wurke, makke er tagelyk in beskriuwing fan de ynhâld fan it materiaal, sadat alles no ûntsluten is. Tragysk‘Schepers wie winliken in tragysk figuer,’ fertelt Tsjerk Veenstra (1940). ‘Hy hat in soad út de wei set, mar dêr noait de erkenning foar krigen. Hy wie syn tiid foarút en woe fernijing bringe yn de Fryske literatuer mei ûnder ynfloed fan de persoanlike

keunst fan de Tachtigers mei Willem Kloos en Frederik van Eeden dy’t ein njoggentjinde ieu yn de Nederlânske literatuer foar master opsloegen. Schepers brûkte yn syn wurk in eigen stavering. Krekt dêrom krige er in soad krityk oer him hinne en snijde syn poëzij ûnder. De Fryske beweging wie net safier en skreau benammen oer dy stavering en gie dêrby foarby oan de ynhâld fan syn stikken. Doe’t Douwe Kalma fyftjin jier letter ek fernijing yn it Fryske literêre

fjild bringe woe, wie Schepers al oer syn literêr hichtepunt hinne. Yn it Ald Selskip wie er aktyf, hy sette ûnder oare it Frysk Boun om Utens op, mar hy stjitte mei syn moderne ideeën en krityk op de statyske lieding fan de beweging fan dy tiid.’ Johannes Bernardus Schepers is yn 1865 berne op It Hearrenfean. Doe’t er fjouwer wie, ferhuze de húshâlding nei Grou dêr’t heit húsdokter waard. Op syn tolfde gie Schepers nei it gymnasium yn Grins. Dat er net foar Ljouwert keas, hat te krijen mei syn styfmem. Se koene net mei elkoar troch ien doar. Hy wenne yn Grins by syn beppe. Nei de stúdzje ‘Nieuwe Letteren’, in kombinaasje fan taal- en letterkunde en skiednis, yn Grins ferhuze Schepers earst nei Tilburg, dêr’t er Obe Postma as kollega hie oan de Willem-II HBS, en fjouwer jier letter nei Haarlem dêr’t er oant syn dea yn 1937 ta wenne. Hy wie dêr learaar Nederlânsk en skiednis oan it Gymnasium.

Undersiker oan it wurd: Tsjerk Veenstra

‘J.B. Schepers wie syn tiid te fier foarút’

Tsjerk Veenstra is okkerdeis ôfstudearre by de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins.

Syn mastersskripsje giet oer J.B. Schepers en wat er bydroegen hat oan de fernijing fan

de Fryske literatuer om 1900 hinne. Foar syn skripsje die Veenstra ûndersyk by Tresoar en

mocht er as earste yn neikommen argyfmateriaal fan de neilittenskip omsneupe.

Tsjerk Veenstra. (Foto Haye Bijlstra)

Page 23: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Fernijend‘De bernsbern fan Schepers, no ûnderwilens al tachtigers, kamen mei argyfmateriaal by Tresoar. Guod dat Schepers by syn libben mooglik te privee fûn om al nei de argiven te bringen, mar dêr’t de famylje no neat mear mei koe. Dat ferskaat oan neiswylsels mocht ik dus besjen en brûke foar myn ûndersyk. Der sieten deiboeken by, mar ek foto’s, hânskriften fan gedichten en artikels dy’t er skreaun hie yn bygelyks de Groene Amsterdammer. Alles kreas ynplakt yn boeken, rubrisearre en op datum bewarre. In walhalla foar de ûndersiker. Schepers hie syn argyf as in boekhâlder nei syn pensjoen yn 1930 oardere. Ik ha nei in jier fan yntinsive stúdzje in goed byld fan him krigen. Benammen it lêzen fan de deiboeken joech ynformaasje oer syn libben en tinken. Hy hat yn 1888 en 1889 trije deiboeken skreaun, yn dy perioade studearre er yn Grins. It middelste diel is spitigernôch wei. Yn de deiboeken skriuwt er oer syn leafde Tryntsje, dat er ‘rein en keken’ bliuwe wol, nettsjinsteande ferliedingen fan it studintelibben. Hast alle dagen gie der wol in brief mei op de posttrein. De brieven sels binne spitigernôch net bewarre bleaun, alteast net yn it argyf. Schepers wenne oan de Hearestrjitte en hie in faam dy’t moarns syn brochje klear makke en in húsfeint dy’t syn pakken boarstele. Mei in pear stúdzjegenoaten gie er nei de soasjeteit en iet er jûns waarm by Prins oan de Grutte Merk. De tiden waarden minder, want, sa skriuwt er, de tredde soarte fleis waard net mear oanbean om út te kiezen. Ek is te lêzen dat er wolris in kater hat, as er jûns om alve oere noch útgiet om in gleske Madeira. Syn literêre foarming is te folgjen yn de deiboeken. Dêr gie it my om. Yn myn skripsje ûndersykje ik wat Schepers bydroegen hat oan de fernijing fan de Fryske literatuer.

It opfallende is dat er yn syn Nederlânske wurk besiket om de styl fan de Tachtigers mei har neologismen en klankwurden nei te folgjen, mar yn syn Frysk wurk grypt er krekt werom op de Romantyk en is mear de ynfloed fan Goethe en Heinrich Heine oan te wizen. Mooglik tocht er dat de Friezen noch net sa fier wiene, dat de Tachtigers te modern wêze soene. Dat is lykwols ynterpretaasje, want dêr skriuwt er sels net oer. Wol skriuwt Schepers dat er de Friezen opfiede wol, en dêrom kaam er mei in eigen fonetyske stavering. Dy fersimpeling hie as doel dat de Friezen makliker har eigen taal lêze en

skriuwe koene. Ek yn it Nederlânsk hâlde Schepers him mei de stavering dwaande. Hy wie in oanhinger fan Kollewijn, dy’t ‘menschen’ en ‘zoo’ feroarje woe yn ‘mensen’ en ‘zo’. In tal fan dy wizigingen binne úteinlik oernaam. De Fryske stavering fan Schepers koe inkeld op krityk rekkenje. Syn útstellen kamen yn in tiid dat it Ald Selskip nei jierren fan striid krekt in stavering oannaam hie. Men stie net iepen foar syn fernijende ideeën en Schepers wie teloarsteld dat de Friezen net foarút woene. Hy hâlde fol, nettsjinsteande de krityk en publisearre syn libben lang oer syn ideeën.’

Schepers mei syn frou en bern yn 1893.

Page 24: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 24

Bysûndere fynst‘Schepers wie gjin grut dichter en is dêrom mooglik min ofte mear fergetten. Hy hat ien Fryske dichtbondel publisearre, Gedichten, út 1897. Tsjibbe Gearts van der Meulen besprekt dy bondel yn de Burgumer krante. Hy hat krityk op de Nederlânsk oandwaande titel en skriuwt in grut part fan syn stik oer de stavering. Earst yn de lêste alinea skriuwt er dat er it moai fynt. Hy is eufoarysk, Schepers is in ‘troch God joune dichter.’ Frjemd genôch wurdt de bondel deaswijd yn Forjit my net, it blêd fan it Ald Selskip, dêr’t Schepers in soad yn publisearre. Hy skreau moaie rigels, mar de kwaliteit wie net konsistint genôch.

Syn op muzyk sette fers Simmerjouns-byld waard in soad songen op jûnen fan it Selskip en troch kritekoaren. Yn it Letterkundig Museum yn De Haach ha ik in bysûndere fynst dien. It die bliken dat dêr ek Frysk materiaal fan Schepers bewarre wurdt. Yn twa net ynventarisearre doazen kaam ik Schepers syn earste fers yn it Frysk tsjin, Leafste Sjoukje. Dêr koe ik inkeld twa regels fan om’t er dy sitearret yn in lêzing út 1928. Hy skreau it yn it Frysk op oanstean fan Piter Jelles. Nijsgjirrich is ek de korrespondinsje oer syn wurk. Hy briefke mei Kloos oer syn fersen yn De Nieuwe Gids, it tydskrift fan De Tachtigers. Opfallend is dat dy brieven, soms wol tweintich

kantsjes, echt oer de ynhâld geane, wylst de Fryske korrespondinsje in soad oer jildsaken en oare saaklike dingen giet.’

PromoasjeNei in jier fan yntinsive stúdzje begjint Schepers sa stadichoan wat mear nei de achtergrûn te reitsjen. Fan de skripsje komt in publikaasje, mar der is noch safolle materiaal dat Tsjerk Veenstra der op promovearje kinne soe. ‘Nochris fjouwer jier op in stoel sitte, sjoch ik eins net sitten. Ik bin no 71 jier en wol ek wolris wat oars dwaan, nei Rome fytse bygelyks. Al moat ik earlik sizze, it idee fan promoasje lit my net hielendal los.’

Tsjerk Veenstra is yn 2009 mei de stúdzje Frysk begûn. Hy koe fuort mei de masters oplieding begjinne, want hy hâlde him syn hiele libben al mei Frysk dwaande. Nei de legere skoalle yn Lippenhuzen gie er nei de ulo op De Gordyk en dêrnei folge de rykskweek yn Drachten. Dêr wie Geale de Vries in grutte ynspirator. Nei’t er in pear jier yn Almelo op de mavo as learaar Nederlânsk wurke hie, sollisitearre er as dosint yn Burgum. Hy woe de Fryske akte helje en dat koe inkeld yn Ljouwert. Hy hat fyftjin jier jûns oan de stúdzje west, nei Nederlânsk MO-A folgen Frysk MO-A en B. Yn 1983 wie er klear en hie it moai west. As learaar Frysk hat er syn leafde foar de taal op in soad learlingen oerdrage kinnen. Topmodel Doutzen Kroes, akteur Theun Plantinga, sjongeres Tet Rozendal en skriuwster Imke Hooijenga ha allegearre by him yn de banken sitten. Syn entûsjasme hat it Fryske siedsje by har ta bloei brocht, ek al is er sels de earste om dat te relativearjen.

It fers Simmerjounsbyld út Gedichten is op muzyk set en waard in soad songen op jûnen fan it Selskip.

Skildere portret fan J.B. Schepers.

Page 25: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

| Jelle Krol

Yn it ôfrûne jier hawwe Aukje Wijma, Sietse de Vries, Hinne Wagenaar, Julia Foekema en Hein Jaap Hilarides de arke brûke kinnen foar ynspiraasje en skriuwaktiviteiten.

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân. Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld. De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. It giet om de perioaden:

moandei 16 april oant en mei freed 25 maaie 2012moandei 4 juny oant en mei freed 13 july 2012moandei 23 july oant en mei freed 31 augustus 2012

As minsken har ynskriuwe wolle foar in koarter tiidrek (minimaal twa wiken) kin dat ek, mar dan sille - yn goed oerlis - dy data letter neier bepraat wurde. It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om oan har oeuvre te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en tillefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea. Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2012 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. It leit yn de bedoeling om ek yn 2013 de arke wer trije kear seis wiken beskikber te stellen.

Oprop foar de Skriuwersarke

Corrie Grupstra sette alle skriuwers, dy’t yn it arkje wiene, op portret. Dit is Sietse de Vries. Alle foto’s binne te besjen op www.corriegrupstra.nl

Page 26: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 26

| Martha Kist

De kaart hoort bij een jachtakte, die samen met het kaartje is aan gekocht. De jachtakte staat op naam van ‘T. Andringa van Hijlckama, wonende te Oldeber-coop’ en is afgegeven op 21 juni 1830. Hij kreeg toestemming om ganzen, eenden en watersnippen te schieten ‘tot uitoefening der korte Jagt met twee staanden honden in het voormalig kwartier van Zevenwolden der Provincie Vriesland, alsmede van registratie van eigen Jagt onder Oldebercoop zoo als bij het aanvraagbillet is omschreven’. Dat aanvraagbiljet is niet bewaard gebleven. Waar-schijnlijk staat het kaartje los van de jachtakte en is het door

Van Hylckama (laten) maken voor privégebruik.

Tinco Andringa van HylckamaWie was de aanvrager en welke positie bekleedde hij in Oldeberkoop? Tinco Andringa van Hylckama (Leeuwarden 1785-Oldeberkoop 1857) kwam uit een familie van bestuuders en militairen. Zijn vader Johannes Petrus van Hylckama was onder andere kapitein bij de infanterie en grietman van Gaasterland. Daar bezat de familie een buiten, slot Beuckenswijk te Sondel. Andringa van Hylckama had nog twee broers, die net als hij zelf een militaire loopbaan combi-

neerden met een bestuurlijke. Alle drie bleven ongehuwd. Hun enige zuster huwde met een De Carpentier. In Tresoar berust het familiearchief De Carpentier-van Hylckama, waaraan deze nieuwe aanwinst toegevoegd zal worden. Tinco Andringa van Hylckama nam aan het einde van het Napoleontische bewind deel aan de oorlog tegen Frankrijk. Hij begon zijn ambtelijke car-rière meteen na de Franse tijd als substituut-schout van Oldeber-koop. Later werd hij controleur der belastingen in Oldeberkoop en Gorredijk. Een paar maanden na de aanvraag van de jachtakte brak de Belgische Opstand uit.

Jachtlust in de Stellingwerven

Tresoar heeft onlangs een interessant stuk aan de collectie toegevoegd:

een klein manuscriptkaartje, getekend met zwarte inkt op zijde. De kaart is

om twee redenen bijzonder. Allereerst vanwege het materiaal. Het is het enige

kaartje in de collectie dat een zijden ondergrond heeft. Ten tweede vanwege

de geografische informatie die kaart biedt. Deze aanwinst geeft Tresoar de

mogelijkheid nieuwe informatie aan te bieden over de geografische situatie

van de Stellingwerven in het begin van de negentiende eeuw.

Het woonhuis van Van Hylckama, ‘Jagersrust’ staat er nog steeds.

Page 27: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Van Hylckama nam deel aan de Tiendaagse veldtocht als kapitein bij de Mobiele Friesche schutterij. Nadat de vrede in 1839 was gete-kend, werd hij lid van Provinciale Staten van Friesland (1840-1850) en lid van de gemeenteraad van Ooststellingwerf (1851-1857). Met behulp van HisGis kunnen we nagaan welke percelen Van Hylckama in 1832 rondom Oldeberkoop bezat. Hieronder waren verschillende bospercelen. Op het kaartje worden deze niet nader aangegeven. Hoewel de jachtakte het recht vermeld om op snippen, eenden en ganzen te jagen, weten we uit een notitie-boekje dat deel uitmaakt van het bovengenoemde familiearchief, dat Andringa van Hylckama voor-al snippen, patrijzen en hazen schoot op zijn eigen terrein.

Jagersrust Het manuscriptkaartje is bijzon-der interessant. Het geeft heel duidelijk en gedetailleerd de lo-kale situatie aan tussen grofweg

Nijeholtpade en Oldeberkoop. Alle perceelsgrenzen zijn ingete-kend, evenals bebouwing, voet-paden, dobben en wegen. Omdat de situatie in 180 jaar behoorlijk veranderd is, met name voor wat betreft de benaming van de wegen, is een modern kaartje ter verduidelijking toegevoegd. Het kaartbeeld wordt begrensd door de Tjonger in het noorden en de Linde in het zuiden. De afgebeelde percelen bevinden zich aan weerszijden van de grens tussen West- en Ooststellingwerf. Geheel rechtsonder op de oude kaart staat ‘Nieuweweg’. Dat is tegenwoordig de Oldeberko-perweg (N353) die loopt tussen Zandhuizen en Oldeberkoop. Daaraan lag een tolhuis. Vlak daarboven ligt tegenwoordig het Koepelbos, dat in 1825 door de toenmalige grietman mr. J.A. Willinge is aangelegd. De bebouwing van Oldeberkoop zelf is niet uitgewerkt. Daar bevond zich het woonhuis van Van Hylc-kama, ‘Jagersrust’ geheten. Het

huis staat er nog steeds. Ik ging ervan uit dat Van Hylckama het huis deze naam gegeven had. De huidige bewoner heeft echter een tweede verklaring: het huis zou zijn naam ontlenen aan het feit dat vroeger op die plaats de paarden van de trekschuiten die de Tjonger en Linde bevoeren, werden ververst. Andere toponie-men op de manuscriptkaart zijn de Binnenweg, die nog steeds van Oldeberkoop naar Nijeholt-pade loopt, en in het verlengde de Bovenweg, thans Hoofd-weg. Ten noorden van deze weg tenslotte is de Slingerweg aangegeven. Dit is tegenwoor-dig de naam van de weg tussen Oldeholtwolde en Oldeberkoop. Ter hoogte van Friesburg, ook op de kaart aangegeven, heet de Slingerweg tegenwoordig Vries-burgerweg. Friesburg was van oorsprong een stins, gebouwd door de familie Lycklama à Nije-holt. Nadat ze in 1514 door de Geldersen werd verwoest, werd ze later herbouwd.

Jachtakte op naam van T. Andringa van Hijlckama, afgegeven op 21 juni 1830. (Foto Haye Bijlstra)

Moderne kaart met binnen de stippellijnen het door T.A. van Hylckama getekende gebied. (© Kerst Huisman)

Page 28: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 28

Nieuwe aanwinsten

Skûtsjebijbel Troch de Wyn

| Ids de Jong

Over de geschiedenis van het skûtsjesilen is onlangs een imposant boek van 576 bladzijden verschenen, Troch de wyn. De historische rijkdom van het skûtsje is geschreven door een groep enthousiaste skûtsjeliefhebbers die zich hebben verenigd in de Stichting Foar de Neiteam. Deze stichting streeft ernaar het verleden van de skûtsjes en de Friese binnenvaart te documenteren en te beschrijven. Dit prachtig geïllustreerde werk behandelt de geschiedenis van het skûtsjesilen over de periode 1866-1966. Het jaar 1866 geldt, door maatregelen van de Friese overheid, als begindatum van de moderne waterstaatsgeschiedenis. Het jaar 1966, met de bouw van het Hooglandgemaal in Staveren, is gekozen als einddatum. In het boek staat informatie over de oorsprong en het doel van de skûtsjes, de handel, de scheepsbouwers en scheepswerven waarop de schepen gebouwd werden, de waterwegen, skûtsjesilen in de oorlog, de schippers (-families) en de uitslagen van wedstrijden. Ook is er een (losse) uitge-breide, maar niet uitputtende namenlijst van schippers en scheepsbouwers aan toe gevoegd. Deze ‘skûtsje bijbel’ is prettig leesbaar en te leen of in te zien bij Tresoar. Meer informatie staat op www.skutsjehistorie.nl. Op deze website die door Tresoar wordt onderhouden, zijn evenals in het boek foto’s, uitslagen van wedstrijden, schippers-termen, scheepsbouwtekeningen en bewegende beelden te zien.

De kooiboekjes van de familie Castelein

| Gerard Mast

Uit de nalatenschap van Jaap Castelein (Warten 1945- Wirdum 2001) ontving zijn vriend Sytse ten Hoeve het archief van de familie Sietsma van Warten ter ordening en overdracht aan Tresoar. Hierbij waren ook enkele notitieboekjes van de voorouders van Jaap Castelein van vaderszijde. Deze oude boekjes uit de periode 1853-1916 zijn notitieboekjes van de kooiboeren van De Alde Miede onder Suwâld. Het is zeer bijzonder materiaal, want oudere kooiboekjes zijn er van Friese eendenkooien niet bekend. Vangstgegevens uit vorige eeuwen van eenden-kooien in deze provincie zijn uiterst zeldzaam. Het zijn vier kooiboekjes met aantekeningen betreffende vangsten van vogels, dus eenden, uit wat nu de Van Asperenkoai op De Alde Miede is en de leveranties hiervan aan poelier Van Asperen te Leeuwarden. Daarnaast zijn er nog twee andere boekjes en een omslag met diverse notities: namelijk een boekje van Arend Hedzers Castelein uit de periode 1861-1877, over geldelijke waardepapieren en met onder andere coupons, een boekomslag van Sipke Arends Castelein uit 1880 over boter en kaas en een notitieboekje uit de periode 1884-1892 met aantekeningen over het weer en dergelijke. De familie Van Asperen heeft de kooiplaats drie generaties lang in haar bezit gehad en ook drie generaties van de familie Castelein zijn pachter geweest op deze kooiplaats. De vier kooiboekjes zijn overgedragen aan Tresoar.

(Foto Haye Bijlstra).

Page 29: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Unbekend boekje út ’e kolleksje Feitsma

| Sybren Sybrandy

Ut de kolleksje fan professor Tony Feitsma, dy’t ferline jier foar ûndersyk nei Tresoar oerbrocht is, kaam in nijsgjirrich ûnbekend wurkje oan it ljocht. It giet om in Boere-ballet, skreaun troch Netook nav Sutit, alias Koster Sybrandus. As jo it earste stik oarsom lêze, wurdt dat: Titus van Kooten. It moat dus om in koster Van Kooten gean, en W.B.S. Boeles befêstiget yn syn Friesland’s Hoog-school dat de heit fan de bekende Frjentsjerter professor Theodorus van Kooten (1749-1813), Titus van Kooten, koster fan de Ljouwerter Grutte Tsjerke wie. In útjouwer, printer of jiertal binne yn it boekje net te finen, en it kaft is in keal stikje brocat-papier. It sil sa om 1750 hinne publisearre wêze. Achter it ballet folget noch in Veldt-zang fan twa siden. De siden fan it Boere-ballet binne nûmere fan 1 oant 12; it is in toanielstik op rym, mei as persoanen in frijer en frijster en fierder in Waal (Jean Morbleu), in Mof (Hans Spek-vresser) en in Studiosus, of Student. It is fansels in koartswilich stik mei de Waal, de Mof en de Studint as grapmakkers yn it Frânsk, Dútsk en Latyn. Sa hawwe wy der yn Fryslân wer in skriuwer by: Titus van Kooten.

De Eurolympiademunt fan Binne Lútsen Boarnstra

| Jelle Krol

Fan dochter Rymke krige Tresoar lêsten de skriftlike neilittenskip fan Binne Lútsen Boarnstra. De skipper, dichter en histoarikus ferstoar 9 septimber. Boarnstra, berne op 18 oktober 1946, groeide op ûnderskate plakken op yn Nederlân. Om dy reden wie syn thús- en earste taal net it Frysk, mar it Nederlânsk. Yn dy lêstneamde taal publisearre er syn debút: Onaantastbaar kleinbedrijf (1974), in poëzijbondel mei in titel dy’t Boarnstra tekenet: in man dy’t fan jongs ôf oan syn eigen wegen gie en ek letterlik syn eigen lyts bedriuw as beurtskipper hie. Hy wist in humoristyske draai te jaan oan it feit dat er faak allinne stie mei syn ideeën. Sa koe er himsels, as ien dy’t grutte niget oan skiednis hie, beneame ta professor fan de Bûtendykske Akademy, om’t oare histoarisy (fan de Binnendykske – Fryske – Akademy) it net mei him lykfine koene. As dichter sil Boarnstra grif it meast bekend wêze om syn Levensboom der Lage Landen (1996) in grut poëtysk wurk dat sawol yn it Frysk, it Twintsk as it Ingelsk oerset is. As histoarikus hat er him altyd o sa dwaande hâlden mei de skiednis fan Staveren. Aldergeloks hat er it ferskinen dit jier fan de útjefte Staveren: hoofdstad van de Friese kusten en het verhaal van ‘de jonge Siebren’, dêr’t er oan meiwurke, noch meimakke. Grif passend by Boarnstra syn ynslach wiene de troch Lykele Jansma organisearre Olympyske spullen foar Lytse Naasjes, yndertiid hâlden yn 1985. Gjin niget dus, dat tusken alle noch te oarderjen paperassen fan Boarnstra in munt rûgele: de Eurolympiade-munt út Nijefurd.

Page 30: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Letterhoeke | 2011 | Nr. 3 | 30

ExcursieDe jaarlijkse excursie voor de Vrienden van Tresoar is 7 oktober niet doorgegaan. Er waren te weinig aanmeldingen om naar het Cultureel Maçonniek Centrum en het Meermanno museum in Den Haag te gaan. Het bestuur van de Vrienden van Tresoar betreurt dit ten zeerste en is op zoek naar alternatieven voor de invulling van de jaarlijkse excursie. U bent welkom om suggesties te geven. Waar moet de bestemming van de excursie aan voldoen? Wat vindt u een goede bestemming? We zijn ook benieuwd naar algemene ideeën over factoren als reistijd, onderwerp en kosten. Uw opmerkingen kunt mailen naar [email protected] o.v.v. Excursie Vrienden van Tresoar.

Ex libris Yn it foarige nûmer fan Letterhoeke stie ynformaasje oer de ex libris wedstriid. Wy freegje om in nij ex libris foar de Freonen fan Tresoar te ûntwerpen. Jo kinne jo ex libris ynstjoere nei Tresoar foar 1 jannewaris 2012. Begjin 2012 siket it bestjoer it bêste ûntwerp. De winner krijt in Frysk pakket en in dinerbon fan 50 euro. Stjoer jo ex libris nei Tresoar ûnder fermelding fan ‘Freonen fan Tresoar Ex libris wedstriid’. Ynstjoere kin nei: Tresoar, postbus 2637, 8901 AC Ljouwert of stjoer in mail nei [email protected].

Nijs fan de Stifting Freonen fan Tresoar

Page 31: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

Kolofon | Colofon

Letterhoeke ferskynt trijeris jiers en is in útjefte fan Tresoar

verschijnt driemaal per jaar en is een uitgave van Tresoar

Tresoar Boterhoek 1Postbus 26378901 AC Ljouwert/LeeuwardenT (058) 7890789F (058) 7890777E [email protected] www.tresoar.nl

Redaksje | Redactie:Marijke de Boer, Wieke de Haan, Ids de Jong, Jelle Krol en Siem van der Woude (Tresoar)Simone Steenbeek (Freonen|Vrienden)

Redaksjesekretariaat | Redactiesecretariaat:Hilda Top

Foto’s: John van Geffen en Andrys Stienstra

Foarmjouwing | Vormgeving: Castel Communicatie, GroningenEldad Groenman en Harmen Heida

Letterhoekewurdt fergees tastjoerd oan de Freonen

wordt gratis toegezonden aan de Vrienden

Freon wurde? | Vriend worden?Belje mei 058-7890789 of stjoer in e-mail nei [email protected]

Bel met 058-7890789 of stuur een e-mail naar [email protected]

Abonneminten | Abonnementen €15,- Losse nûmers | Losse nummers € 5,-

© Tresoar en de auteurs 2005

It lêste nijs (ek oer oanwinsten) fine jo op: Het laatste nieuws (ook over aanwinsten) vindt u op:

www.tresoar.nl Oanklikke op: Aanklikken op: Nijs > OanwinstenNieuws > Aanwinsten

Foar nije Frysktalige útjeften sjoch:Voor nieuwe Friestalige uitgaven zie:

Fryske skriuwers > Krekt ferskyndFriese schrijvers > Pas verschenen

Fragen? Skilje of mail: tel. (058) 7890789 of [email protected]? Bel of mail: tel. (058) 7890789 of [email protected]

Page 32: 6 10 Op zoek naar het andere Fryslân 14 - Tresoarimages.tresoar.nl/download/letterhoeke20.pdf · speuren naar voorouders Op donderdag 15 maart 2012 (19.30 tot 22.00 uur) is een gratis

jannewaris | januari17 Lêzing André Looijenga oer Literatuer yn lytse talen,

Tresoar, 20.00 oere.

22 Opening tentoonstelling ‘Vensters op Doopsgezinden

uit Frieslands verleden’, Tresoar, 14.00 uur.

24 Lezing drs. H.W.H.A. Donkers ‘Waterproblematiek in

het Midden-Oosten en de betekenis daarvan voor het

vredesproces’, Tresoar, 19.30 uur.

31 Lêzing Greet Andringa oer Dien wurk, biblioteek

It Hearrenfean, 20.00 oere.

febrewaris | februari2 Optreden Korneel Roosma als Anne Zernike, Tresoar,

13.30-17.00 uur.

3 Symposium ‘De Sonttolregisters als bron voor

historisch onderzoek’, Tresoar, 13.30 - 17.30 uur.

9 Lezing prof. dr. Y. Kuiper ‘Fries Doperdom in de tijd

van de Verlichting’, Tresoar, 20.00 uur.

12 Tresoarconcert, Groate Kerk St. Jacobiparochie,

14.30-17.00 uur.

14 Lêzing Sigrid Kingma oer Fryske berneliteratuer,

biblioteek Drachten, 20.00 oere.

21 Lezing mw. L. J. Ridderhof- Boon ‘Rembrandt en het

jodendom’, Tresoar, 19.30 uur.

24 Symposium ‘Het zorgstelsel in Nederland tussen

solidariteit en marktwerking’, Aula van MCL in

Leeuwarden.

28 Lêzing Nyk de Vries oer Raffelich realisme,

biblioteek Snits, 20.00 oere.

maart1 Optreden Korneel Roosma als Anne Zernike, Tresoar,

13.30-17.00 uur.

15 Workshop genealogie en doopsgezinden, Tresoar,

19.30-22.00 uur.

31 Studiedag in samenwerking met Doopsgezinde

Historische Kring over Doperse diaspora, Tresoar.

april21 Nacht van de filosofie, Tresoar.

Aktiviteiten | Activiteiten

Mear ynfo? > www.tresoar.nl > aginda

Meer info? > www.tresoar.nl > agenda

Kaarten? > 058 7890789