meidielingeblêd fan de sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# de mienskip belûke by ljouwert 2016...

10
Jiergong 29 Nûmer 4, jannewaris 2015 Oprjochte 25 novimber 1971 Lid fan it Frysk Boun om Utens Rekkennûmer NL 84 RABO 0348 113 889 RABO-bank Lelystêd Ynskriuwing K.v.K. nûmer 39059396 Oprjochting fan de Sékrite”, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971 It idee om in Fryske Krite yne nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971. De earste ynwenners fan Lelystêd wiene hiel tafallich Friezen, de fam. Sytsma. Doet efkes letter de fam. Schiere yn Lelystêd kaam te wenjen (dyt al lid wiene fan de fryske krite yn Kampen), waarden hja it al gauwêftich iens, dat der yn Lelystêd ek in krite komme moast. Mei noch in pear oare friezen binne hja doe begûn om by de doarren lâns te gean, om mear mins- ken der waarm foar te krijen. Inkele fan dizze minsken wurken op it gemeen- tehûs en wiene sadwaande yne gelegenheid, om de listen mei nije ynwen- ners troch te sjen. As dêr dan in namme by wie, wêr t hja út opmeitsje koene dat it in Fries wie, dan gyngen hja dêr op ôf. Jûnen en jûnen binne hja sa op paad wêst. Omt Lelystêd in nije stêd wie, kaam it gauris foar, dat hja mei trije minsken foar de selde doar stiene. Ien foar de Fryske krite, ien foar de bank (meastal mei in blomke, dy hiene it measte jild) en ien fan de begraffenisferiening. Alles moast hjir doe noch fane grûn komme. Ek de agint fan de Ljouwerter krante en it Frysk Deiblêd en de man de SRV-wein hawwe hiel wat nije le- den oanbrocht. Op 26 novimber wie dan de oprjochtingsgearkomste yn de Meerkoet”, it earste restaurant yn Lelystêd. Der wiene doe 34 minsken en de 1 ste foarsitter waard Hindrik Schiere. It duorre mar efkes, doe wiene der al 112 leden, werfan 12 wol toanielspylje woene en 22 woene wol meidwaan oan in skotsploech. De earste toanieljûn wie op freed 28 jannewaris 1972 yne Meerkoet. De toanielploech út Aldeboarn wie dêr mei it stik De bekro- ande earsteling”. De krite hie doe 190 leden, werfan 140 op dy jûn oanwê- zich wienen. De muzyk waard fersoarge troch in soan fan Sytsma, mei in bânrykorder. Ek doe wie der ek al in ferlotting ( 5 lotten foar Hfl. 1,= ). Yn die tiid wie der ek faak in ferslachjouwer fan de krante, mei in fotograaf. Op 23 febrewaris 1973 spile ús eigen toanielploech foar it earst, it stik Taaie Teie”. Op 12 maart 1974 koe it 300 ste lid ynskreaun wurde. De leden kamen eartiids net allinne út de Flevopolder, mar ek út Urk en Elburg. It grutste oan- tal leden fan ús krite hat 370 west ( 29 novimber 1975). Wat in ferskil by no, noch mar 120 leden. Op kritejûnen waarden dan de tafels út de seal wei helle, oars koene de minsken der net yn. It sjongkoar waard oprjochte op 8 febrewaris 1976 en de skotsploech op 25 febrewaris. Spitichgernôch is de skotsploech al wer opdûkt en ek ús toanielploech hie in tekoart oan spylders. Yn 1976 waard troch eigen leden in kabaret opfierd en yn letter jierren noch 3 kear. Wy hoopje dat wy dit oantal leden fan no hâlde kinne en dat it sjongkoar bestean bliuwe kin. Binne jo noch gjin lid fan ús krite, sjoch dan op ús webstek hp://www.fryskbutenfryslan.nl/kritenomutens/lelysted.htm om te sjen hoe dat kin !! Meidielingeblêd fan de Sékrite

Upload: nguyentruc

Post on 06-Aug-2018

221 views

Category:

Documents


0 download

TRANSCRIPT

Page 1: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

Jiergong 29

Nûmer 4, jannewaris 2015

Oprjochte 25 novimber 1971 Lid fan it Frysk Boun om Utens

Rekkennûmer NL 84 RABO 0348 113 889 RABO-bank Lelystêd

Ynskriuwing K.v.K. nûmer 39059396

Oprjochting fan “de Sékrite”, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971

It idee om in Fryske Krite yn’e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971. De earste ynwenners fan Lelystêd wiene hiel tafallich Friezen, de fam. Sytsma. Doe’t efkes letter de fam. Schiere yn Lelystêd kaam te wenjen (dy’t al lid wiene fan de fryske krite yn Kampen), waarden hja it al gauwêftich iens, dat der yn Lelystêd ek in krite komme moast. Mei noch in pear oare friezen binne hja doe begûn om by de doarren lâns te gean, om mear mins-ken der waarm foar te krijen. Inkele fan dizze minsken wurken op it gemeen-tehûs en wiene sadwaande yn’e gelegenheid, om de listen mei nije ynwen-ners troch te sjen. As dêr dan in namme by wie, wêr’t hja út opmeitsje koene dat it in Fries wie, dan gyngen hja dêr op ôf. Jûnen en jûnen binne hja sa op paad wêst. Om’t Lelystêd in nije stêd wie, kaam it gau’ris foar, dat hja mei trije minsken foar de selde doar stiene. Ien foar de Fryske krite, ien foar de bank (meastal mei in blomke, dy hiene it measte jild) en ien fan de begraffenisferiening. Alles moast hjir doe noch fan’e grûn komme. Ek de agint fan de Ljouwerter krante en it Frysk Deiblêd en de man de SRV-wein hawwe hiel wat nije le-den oanbrocht. Op 26 novimber wie dan de oprjochtingsgearkomste yn “de Meerkoet”, it earste restaurant yn Lelystêd. Der wiene doe 34 minsken en de 1ste foarsitter waard Hindrik Schiere. It duorre mar efkes, doe wiene der al 112 leden, werfan 12 wol toanielspylje woene en 22 woene wol meidwaan oan in skotsploech. De earste toanieljûn wie op freed 28 jannewaris 1972 yn’e Meerkoet. De toanielploech út Aldeboarn wie dêr mei it stik “De bekro-ande earsteling”. De krite hie doe 190 leden, werfan 140 op dy jûn oanwê-zich wienen. De muzyk waard fersoarge troch in soan fan Sytsma, mei in bânrykorder. Ek doe wie der ek al in ferlotting ( 5 lotten foar Hfl. 1,= ). Yn die tiid wie der ek faak in ferslachjouwer fan de krante, mei in fotograaf. Op 23 febrewaris 1973 spile ús eigen toanielploech foar it earst, it stik “Taaie Teie”. Op 12 maart 1974 koe it 300ste lid ynskreaun wurde. De leden kamen eartiids net allinne út de Flevopolder, mar ek út Urk en Elburg. It grutste oan-tal leden fan ús krite hat 370 west ( 29 novimber 1975). Wat in ferskil by no, noch mar 120 leden. Op kritejûnen waarden dan de tafels út de seal wei helle, oars koene de minsken der net yn. It sjongkoar waard oprjochte op 8 febrewaris 1976 en de skotsploech op 25 febrewaris. Spitichgernôch is de skotsploech al wer opdûkt en ek ús toanielploech hie in tekoart oan spylders. Yn 1976 waard troch eigen leden in kabaret opfierd en yn letter jierren noch 3 kear. Wy hoopje dat wy dit oantal leden fan no hâlde kinne en dat it sjongkoar bestean bliuwe kin.

Binne jo noch gjin lid fan ús krite, sjoch dan op ús webstek http://www.fryskbutenfryslan.nl/kritenomutens/lelysted.htm

om te sjen hoe dat kin !!

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Page 2: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

Hjir hie

ek jo advertinsje

stean kind !!

Page 3: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

Ynhâld Meidielingeblêd: side

# Wurd fan de foarsitter 2 # Kritejûnen, Kritenijs en Nije leden 3 # Ofslútdyk op é skeppe 4 # Kryst mei it Fryske sjongkoar 5 # Weromsjen op de nijjiersbesite fan 10 jannewaris 6 # Ta Oantinken: Tjalling de Boer 7 # Utnoeging foar de toanieljûn fan 14 febrewaris 8 # ‘Frjemd Folk’ fan Hindrik Liemburg 10 # De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 # Nijs fan it Frysk Boun om Utens: AG yn Ynskedee 16

20 jannewaris 2015 Side 1 Side 16 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

De kopij foar it nije krantsje graach ynleverje foar 21 febrewaris 2015.

-------- K O L O F O N ---------- Gearstalling fan it bestjoer fan ús Krite: Foarsitter: Jan Bijkerk, Schoener 43-02, 8243 VZ Lelystêd til: 06 53766061 e-mail: [email protected] Fice-foarsitter: Johannes Fransen, Griend 30-25, 8225 SR Lelystêd til: 0320-253749 e-mail: [email protected] Ponghâlder: Gerrit Kingma, Kreek 125, 8212 XG Lelystêd til: 06-23087750 e-mail: [email protected] Skriuwer: Luut Dijk, Saerdam 143, 8242 JD Lelystêd til: 0320-412444 e-mail: [email protected] Lid: Tineke de Boer, Wijngaard 115, 8212 CG, Lelystêd til: 0321-787828 e-mail: [email protected] Lid: Annie Noppers, Zwanenwater 56, 8245 BW Lelystêd til: 0320-256363 e-mail: [email protected] Lid: Jantsje Meijer, Horst 27-63, 8225 MT Lelystêd til: 0320- 242895

e-mail: [email protected] Koar: Fetsje Meijer, til: 0320-226317, e-mail: [email protected] Kosten: it lidmaatskip is € 12,-- yn it jier De redaksje en opsmûk fan it boekje: Jan en Sjoerdtsje Bijkerk. Kopij opstjoere nei: [email protected]

Eareleden fan de krite: Syke Glastra en Albert Postma.

MATA HARI yn Ynskedee.

No leit Ynskedee foar jo fansels hiel fier fuort, mar miskien is it jo de reis derhinne op 11 april dochs wurdich. Op de middei en jûn fan dyselde dei is dêr dan de Algemiene Gearkomste fan it Frysk Boun om Utens ( om 13.00 oere, bêst aardich om dat ris mei te meitsjen) en om 20.00 oere de prachti-ge foarstelling Mata Hari fan Tet Rozendal. Dêr tuskentroch kinne jo meid-waan (mar it is net ferplichte) oan in waarm buffet foar 14,50 euro d.p. As de tiid it talit, is der ek in kuiertocht troch de nije wyk Roombeek fan En-schede. Dit is de wer nij opboude wyk nei de fjoerwurkramp fan maaie 2000 en is bysûnder fanwege de nijsgjirrige arsjitektuer. De tagongspriis foar de jûns is 10 euro, as jo fan te foaren betelje. Jo kinne jo opjaan foar de jûnsfoarstelling en / of it waarm buffet, troch foar 1 april € 10, € 14,50 of € 24,50 d.p. oer te meitsjen nei bankrekken NL08 INGB 0004 2915 44 fan de Freonen Fryske Kultuer ûnder it neamen fan it oantal minsken foar buffet en/of foarstelling. De tagongskaarten lizze dan de jûns foar jo klear.

Foar mear ynformaasje kinne jo telâne by Eeke de Boer, till. 0546-850970

Page 4: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

H twa O

Us buorman Germ is gemikus en kin eins nearne oars oer prate. Fan jongs ôf oan triek him dat fak,

hy naam dy kennis yn as tate. Syn omgongstaal ferrifelt jo,

want hy neamt wetter H twa O.

In praatsje oer it waar rint stomp. Oer rein of hagel, dau of dize, oer rym of ryp, oer iis of snie,

of wêr't jo him ek mar op wize, al jout de reinbôge in sjo,

foar Germ is 't inkeld H twa O

Ja, 't is in slim iensidich man. Hy hâldt net fan fakânsje fieren,

alhiel net yn it bûtenlân. Dy gletsjers, mient er, dy rivieren,

de Maas, de Moezel of de Po, 't is ientûtmem, 't is H twa O.

Sjoch, al wat libbet, sei er my, wat rint, wat swimme kin of fleane,

wat groeit en bloeit, hat ien ding mien; want, lykas jo en ik, besteane

in ka, in karper en in ko foar 't grutste part út H twa O.

Syn frou sei juster: Hark ris, Germ, hast op dyn rêch al 't sechste krúske

en meitsje my no neat mear wiis, do giest my fierste faak nei 't húske.

Mar hjoed bin ik ris baas, en do: nei dokter mei dyn H twa O!

Atze Bosch, Alles op syn tiid, KFFB nû. 451

20 jannewaris 2015 Side 15 Side 2 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

FAN DE FOARSITTER.

Bêste kritefreonen,

As ik dit foarwurd skriuw, dan sitte wy flink te pûsten fan de waarmte. It is hjir 35 graden en eltse dei de sinne heech oan de himel. Wy, Sjoerdtsje en ik, binne nammentlik by ús dochter, skoansoan en berns-bern yn Austraalje. Sy wenje ticht by Brisbane, in lytse 40 kilometer der fanôf. Mar ja, ôfstannen kinne se hjir net, 40 kilometer is foar de min-sken krekt om de hoeke. It is wol frjemd om mei dizze tempe-ratueren Kryst te fieren en it âldjier út te sitten. En ús jier is dit kear fansels ek noch 9 oeren earder begûn as yn Nederlân. Fan út Austraalje winskje ik jimme, út namme fan it bestjoer fan de krite, alle sûnens ta foar it nije jier 2015. Want sûnens is wol it allerbelangrykste wat wy de minsken winskje kinne. Op ús leeftiid, en ik bin noch ien fan mei de jongsten, komme faaks wol de âlderdoms-kwaaltsjes. Op 17 desimber hat ús sjongkoar it jier ôfsluten mei in gearkomste foar famylje fan de leden. It ferslach hjir fan stiet op side 5. Us nijjiersbesite is wer efter de rêch. Ik ha wol heard dat it tige gesel-lich wie en dat ús gast, Mindert Wijnstra, hiele moaie ferhalen ferteld hat. It ferslach fine jimme op side 6. Underwylst hat it bestjoer op it ein fan it âldjier op paad west om moaie toanielstikken foar jimme út te sykjen. Ja, dat falt soms net ta. De iene kear is it stik net folslein geskikt foar de leeftyd fan ús leden en de oare kear dan fine wy dat de toanielklup it net goed genôch spilet. Mar úteinlik hawwe wy dochs in twatal moaie stikken fûn, dy’t op de kommende twa grutte kritejûnen foar ús spile wurde. Op 14 febrewaris komt de toanielploech “Meiinoar Ien” út Drachten mei it stik “As it mar wier is” en op 21 maart komt de toanielploech fan Bûtenpost met it stik “In nuver stel”. Ik hoopje dat jimme allegearre komme om dizze toa-nielstikken te besjen, ik rekkenje op jim. It soe wol moai wêze as wy de seal wer hielendal fol krije kinne!! Oant 14 febrewaris.

Jimme foarsitter, Jan Bijkerk.

Page 5: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

KRITEJÛNEN Hjir ûnder stean de kommende kritejûnen fan dit winterskoft:

KRITENIJS. Op 18 desimber 2014 is ferstoarn de hear Tsjalling de Boer, Rode Klif

98, 8223CE Lelystêd. Nei wat omkwakkeljen en sjoen syn hege leeftiid (91) is der in ein kommen oan dit ierske libben.

Wij wolle it bestjoer fan de Sêkrite tige tank sizze foar de fruitkoer op ús 45 jierrige houliksdei, en de leden die oan ús tocht ha mei in kaart-sje of blommen tank sizze. Wiebe en Rennie Huizinga út Bidding-huzen.

Yn de earste wike fan juny (31 maaie oant 6 juny) soe it bestjoer graach wer in tolftal minsken hawwe foar it rinnen foar it Prins Bern-hard Kultuerfûns – Anjeractie om wat ekstra jild foar de krite op te heljen – 1/3 diel wat der ophelle wurdt, is foar de krite. Yn 2014 hawwe wy in lytse € 1900 ophelle. Jimme kinne jim opjaan by ien fan de bestjoersleden as fia email: [email protected]

As der leden binne dy’t kritenijs hawwe, graach efkes stjoere nei [email protected] . Alfêst tige tank.

20 jannewaris 2015 Side 3 Side 14 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

yn Europa binne stêdsmienskippen en lanlike gebieten út elkoar groeid. De minsken witte net mear, skriuwt it bidbook “wêr ‘t harren iten wei-komt, of it hout dêr’t harren meubels fan makke binne of de klaai foar harren tegels yn de keukens”. Dêr tsjinoer ferlieze plattelânsmienskip-pen harren yntellektuele en kreative kapitaal. Mei Ljouwert 2018 yn it foarútsjoch wol de Ried “Fan ûnderen op” or-ganisearje en in programma oanbiede wer neist it doarp of stedswyk ek profesjonele minsken út de teater en muzykwrâld by belutsen wur-de. It programma is net allinne foar Frysktaligen bedoeld, mar ek foar minsken dy’t wend binne in oare taal te praten. It sil fan doarp ta steds-wyk ferskillend wêze, omdat de situaasjes nearne gelyk binne. Sa mooglik wurde It Bilt, de eilannen, de Stellingwerven der by belutsen. It leit yn de bedoeling dat “Fan ûnderen op wei nei 2018”de kommende tiid begjint en it moat him útwreidzje oer de provinsje. It soe yn it winter skoft fan 2017 – 2018 liede kin-ne ta in Fryske âlvestêde- en doarpetocht foar de Fryske taal en kultuer. It leit foar de hân dat de Ried ferwachtet dat Ljouwert 2018 it projekt stypje sil.

Ut It Nijs, Renze Valk, skriuwer fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Datum Ynhâld fan de jûn

Sneon 14 febrewaris 2015

Dizze jûn komt de toanielploech “Mei-inoar Ien” út Drachten mei it stik “As it mar wier is”.

Sneon 21 maart 2015 Dizze jûn komt de toanielploech fan de Fryske Krite Bûtenpost mei it stik “In nuver stel”.

De namme Euro.

Op it gemeentehûs komt in heit om syn jongste bern oan te jaan. Lokwinske” seit de amtner freonlik. “Wat namme kriget de oanwinst?” “Euro”, seit de grutske heit. “Unmooglik!” seit de amtner. “Dy namme is net tastien”. Hoe’t de heit syn bêst ek docht om de de amtner oer te heljen om syn bern as Euro yn te skriuwen, it slagget him net. Thús fertelt er syn frou it hiele fer-haal. De frou is dûm fan lilkens en seit: “Hoe kin soks no! En ús Frank en Mark dan?”

Ut: ‘Stedendriehoek’. Fryske oersetting Johannes Oegema, Sutfen.

Page 6: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

in konkurrint om’t hy straks wolris mei de sinten fan âld muoike útnaaie koe. Ik ha noch krekt sjoen dat hy gnyskjend fuort gie en him efter yn ’e herberch ferskûle hat. Hoe’t it fierders útpakt is wit ik net. Want doe’t it from-mes mei har trochskinende jurk en har útsakke kont foar de safolste kear by my delrûn, hie ik it wol hân. Pis-je en ôfrekkenje! Frjemd folk sei Geartsje, doe’t wy wer mei de kont op ’e fyts sieten.

De mienskip belûke by Ljouwert 2018

‘Mienskip wie by “Ljouwert Kulturele haadstêd 2018” in wichtich tema om de kommisje oer de streek te lûken foar ús haadstêd te kiezen. Meindert Reitsma makket him soargen dat fan dy mien-skip net in soad telâne komt’, stie yn de LC fan 11 novimber 2014 . It komt der fansels op oan wat de Friezen sels wolle en dogge. Sad-waande is de Ried fan de Fryske Beweging begûn mei it opsetten fan in projekt “Fan ûnderen op”. In projekt dat bedoeld is om de minsken sels by Ljouwert 2018 te belûken. It soe sa in wichtige bydrage leverje kin-ne oan de Kulturele Haadstêd 2018, omdat it droegen wurdt troch de komponinten: mienskip en meartaligens. Yn haadstik 20 ûnderstreket it Bid-book, dat Ljouwert 2018 net driuwe moat op politike inisja-tiven of op it saneamde “establishment”. It giet der om de hiele Fryske mien-skip der by te beheljen. Der wurdt sprutsen oer it mobilisearjen hjirfan troch it ynskeakeljen fan skriuwers, keunstners, muzikanten, boeren, filmmakkers, fûgeltsjelju, fuotballeafhawwers en it ûnderwiis. Dat besjut nei ús oertsjûging benammen ek de minsken fan de Fryske doarpen en stêden. Ljouwert 2018 kin sa besykje om de kleau tusken stêd en plattelân te sljochtsjen. Dy kleau spilet net allinne by ús. Oeral

20 jannewaris 2015 Side 13 Side 4 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

Ofslútdyk op ‘e skeppe De Ofslútdyk giet op ‘e skeppe. Deputearre Steaten fan Fryslân hat mei Rykswettersteat, de provinsje Noard-Hollân en de oanbelangjende gemeenten in plan makke om de dyk yngri-pend te ferbouwen. Sa kriget er in nij fytspaad oan ‘e Waadsee-kant, komt der by Koarnwertersân in wetterkrêftsintrale en wurdt it monumint fan Cornelis Lely promininter makke. Mooglik wurdt de slûs by Koarnwertersân ek grutter makke. De ferbouwing kostet 830 miljoen euro en moat it Ofslútdyktoerisme fergrutsje. It Ryk stelt 600 miljoen euro beskikber foar de nije dyk. Mei it beslút stipet it kabinet de provinsje. Doel is dat de ferbouwing yn 2017 út ein set. De Ofslútdyk wurdt in griene dyk mei mooglikheden foar nije funksjes. Dat hat de ministerried besletten. Dy hat altyd fêsthâlden oan fernijing fan de dyk. De kommisje-Nijpels makke earder noch bekend dat fer-bettering fan de feilichheid finansjeel allinnich helber is troch in nije as-faltlaach oan te lizzen.

Frâns Kuipers fan Surhústerfean seit dat Fryslân tegearre mei Noard-Hollân fan de Ôfslútdyk in enerzy-dyk meitsje moat. Dat betsjut dat d’r oan wjerskanten in lange rige wynmûnen komt te stean. It ferkear giet troch ien lange draaiende poarte. Fierder moat de ôfslútdyk hielendal belein (plaveid) wurde mei sinnepanielen. De dykswâlen belizze mei gewoane sinnepanielen en de wei sels belizze (plaveie) mei (seiskante) sinnepaniel-tegels, wêr ’t it ferkear gewoan oerhinne ride kin. Yn Amerika en Canada is dit al hiel gewoan. Boppedat kinne op de fangrails ek sinnepanielen monteard wurde. Dizze tink- en wurkwize levert in soad wurkgelegenheid yn en foar de eigen omjou-wing. “D’r kin moarn al mei begûn wurde”, om sa mar te sizzen. Op dizze wize hat Fryslân gjin (ekstra) wynmûnen nedich om dochs oan de 530 Megawatt duorsume enerzjy te foldwaan. De útsparre subsydzje

Page 7: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

op wynmûnebesitters kin hiel goed bestege wurde oan ‘mear hannen oan it bêd’ yn de ferpleeghûssoarch. It is mar krekt wat de polityk be-langryk fynt. No mar ôfwachtsje as immen dit plan fan Frâns oppakt.

Kryst mei it Fryske Sjongkoar. Us Fryske koar hat op 17 desimber in gesellige jûn hâlden yn krystsfear. Oare jierren waard der kryst fierd foar allinne de koarleden. Dit jier koene ek fierde-re belangstellenden en famylje fan ús leden de krystfiering bywenje. Der wie foar in tige farieard pro-gramma soarge. By it yn-kommen wie der in kopke kofje of tee foar elkenien. Dêrby traktearre Jantsje Timmermans op krystkrâns. Dizze jûn wie har ôfskie fan it koar, slim spitich dat hja stoppet fanwege har sykte. It koar stiet ûnder fakkundige lieding fan Dorothy Kemperink. De begelieding fan it koar wie troch Sylvia Joustra op de piano en Fred op de gitaar. As earste song it koar ‘De stjerren ferskinen’, wêrby de ferljochting yn de seal út wie. Elk koarlid hie in brânend teeljochtsje yn de hân. Hiel aar-dich om te sjen. Tusken de krystlieten troch wiene der ferhalen en ge-dichten en Dorothy brocht ek in tal lieten ta ûting. Yn it skoft wie der ek wer in kopke kofje of in kopke tee mei in plakje kryststol. Yvonne hie in gedicht en in koart ferhaal, Albert in oerset kryst ferhaal út it Westfries en Klaske in gedicht út t tsjerkeblêd, wat slim op dizze tiid sloech. Nei ôfrin wie der foar elkenien in krystkaart mei de bêste winsken foar de kryst en it nije jier. Ut de belangstelling fan de besikers die bliken dat it foar werhelling fetber is.

Douwe Gaastra.

20 jannewaris 2015 Side 5 Side 12 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

kont yn in swarte string hingjen seach, wie ik bliid dat ik de kofje mei appelgebak efter de kiezzen hie. Wat ús ek opfoel wie in âld man, sil wol in broer west ha fan ’e jonkfrou, dy’t stapke foar stapke it terras nadere. Hy hie net al-linne steun fan in rollator mar ek fan in skitterjend moai aziatysk útsjend jong frommeske. Neffens Geartsje hie it syn jongste dochter wol wêze kinnen. De man hat, tink ik, jong syn frou ferlern as nea troud west en hat op lettere leeftyd im-men fan’t ynternet helle. Immen út ien as oare aziatysk lân. Oan de man te sjen hie de leafde him de lêste jierren in soad enerzjy koste. Sy hie der, sa’t ik it besjen koe, in stik minder fan te leien hân. Ik tink dat sei yn har gedachtegong al folle mear dwaande wie mei har oan-kommende “ takomst sûnder soargen”. Noch ien fan ’e neisten dy’t om ’e hoeke kaam wie in stokâlde frou, ek efter in rollator. Hja sil wol in suster fan de ferstoarne wêze. It wie sa’n “Freule” typ. Swart ferve hier en de bril oan in gouden keatlinkje. Tem-insten it hie de kleur fan goud. Hja hie wat in krupsje. It run muoilik en derom sil se ek wol fan die hege skuon oan hân ha, mei platte soalen. De “pantysokjes” oan ’t har knibbels ta wie ek neat mis mei, mar dan moatte jo de rok net boppe de knibbels ophâlde litte. It like op neat. Mar wêr’t de measte eagen op foelen wie dat it âlde minske it terras oprinnen kaam mei oan har side in donkere jongehear, strak yn ’t pak. De jongehear soe har sjauffeur wêze kinne, mar miskien wie it ek wol har “gigolo”. It soe samar kinne. Miskien tink hy wol: As ik no wat om it âld minske tink, makket neat út wêrmei, dan bin ik miskien oer in pear jier wol boppe Jan. Ik tink net dat it minske ea troud west hat, temin-sten dat wol my net oan. Dat se wichtich wie, miskien wol om it jild, die wol blieken doe’t sy op it ôfsletten stik terras oankaam en it grutste part fan de oanwêzigen as in folk bijen op har delstrutsen. It donkere mantsje yn it strakke pak waard net nei omsjoen, sels in hân jaan wie der net by. Hja seagen him net stean, as hja seagen him miskien wol as

Page 8: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

De mannen sieten strak yn ’t pak en de froulju kamen yn klean fan ferskate kre-aasjes sa’t men die allinne mar keapje kinne yn ’e djoerdere kleanwinkels. Doe’t hja goed en wol op it ôfsletten diel fan it terras oankamen, fleagen hja me-koar om ’e hals as hienen se mekoar yn jierren net sjoen en de luchttuten fleagen oer it terras. Fan dy klaptuten sa as wy dy ear-tiids fan buorfrou Fokje krigen, binne der no net mear. Der sit tsjintwur-dich gjin lûd mear yn. Der wie ien man by, hy wie ek wat oars as de oare mannen, dy’t by alle-gear goed yn ’e kunde foel. Sawol manlju as froulju fleagen him om ’e hals en de luchttuten sûsden him om ’e earen. Foaral by de manlju seach ik him genietsjen. No tink ik dat dizze man de sinten fan muoike ûnder syn behear hat, en dêrom sil dizze man ek wol de hiele middei yn it middelpunt stean bleaun wêze. De tredde rige kaam oan op it terras wylst wy de kofje al op hienen. It winen al minsken fan de âldere generaasje en dêrom sille it ek wol de âlderneisten west ha. It gie ek net sa hurd mear, want in grut part fan harren run al efter in rollator. Hja kamen oan op it terras wylst de kofje al kâld wie en dêrom koenen hja fuortendaliks mei wat oars begjinne. De mannen dy’t der by wienen sieten ek no wer strak yn ’t pak, mar wat de klean fan de froulju oanbelange, dat sloech alles. Ien fan ’e jon-gere froulju fan’t spul, dy’t neffens my de sechstich al in moai ein foar-by wie, kaam it terras oprinnen yn in trochskinende wite jurk. No ha ik neat tsjin trochskinende jurken, en dan foaral by jongere froulju net, mar net by sokke âldere minsken. At sa’n frommeske fan dy leeftiid dan dochs opfalle woe om har sjar-mes sjen te litten, hie sy better in leech útsnien jurkje mei in panter mo-tyfke oan dwaan kinnen, want dêr kin ik my noch wol it iene as oare by foarstelle. No net, en it waard noch folle slimmer. Want doe’t it frommes my foar-by rûn yn die trochskinende jurk, en ik oan ’e efterkant in trochsakjende

20 jannewaris 2015 Side 11 Side 6 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

Weromsjen op de nijjiersbesite fan 10 jannewaris.

Op 10 jannewaris hie-nen wy mei elkoar wer ús nijjiersbesite yn de Krakeling. It wie wer in moaie en gesellige mid-dei, dêr’t sa’n 60 mins-ken fan ús Krite kom-men wienen.

Nei it ynkommen mei kofje, tee en fansels de lekkere oranjekoeke, - hawwe wy elkoar folle lok en seine winske.

It programma begûn mei in optreden fan ús Fryske sjongkoar ûnder lie-ding fan Dorothy Kemperink en mei begelieding fan Sylvia Joustra (pia-no) en Fred van Zoelen (gitaar). Spitigernôch wienen in oantal sopra-nen en alten der net by fanwege ûnder oaren sykte. It wienen moaie lieten – “Wa kin siele” fûn ik it moaiste - en it klonk hiel goed nettsjin-steande it plafond dêr sa leech is.

Dêrnei wie it wurd oan de sprekker, Mindert Wijnstra, dy’t prachtige ferhalen fertelde . Ferhalen die hiel ôfwikseljend wiene: bygelyks lo-kaasje-ferhalen, âlde folks-ferhalen, it ferhaal oer de pastoar fan Bakhu-zen en ek de natuer kamen oan bod. Wy ferjitte no nea, dat de ljip earst wyt wie en derom no “kwie wyt” ropt ......!

Yn it skoft wienen der lekkere hapkes, koenen wy gesellich byprate en

De Kuolkast. Jan hat wat te fieren en hat al syn freonen útnoege. As Kees der yn komt, seit Jan: “Rêd dy sels mar mei it drinken.” Kees skinkt himsels wat yn. “Werom stean der eins lege flessen yn de koulling?” freget Kees. It antwurd fan Jan is: “Dat is foar de minsken, dy´t net drinke.”

Ut: ‘Stedendriehoek’. Fryske oersetting Johannes Oegema, Sutfen.

Page 9: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

koenen wy fansels lotsjes keapje.

Nei it skoft fertelde Mindert Wijnstra noch in oantal fer-halen. Wy ha der fan ge-noaten, it wie geweldich! As lêste wie der in ferlot-ting , en de lotsjes waarden lutsen troch ús âldste oan-wêzige lid: mefrou Spanjer - 94 ier -, dy dat mei gloe-de die!

Hennie Postma hie wer 2 moaie blomstikjes foar de ferlotting makke en wy hienen gelok, want wy kamen thús mei ien dêrfan, wûn troch Luit. Al mei al in slagge middei en it “iendeisbestjoer” fertsjinnet in grut komplimint foar de goeie organisaasje en útfiering!

Johanna van Dijk.

20 jannewaris 2015 Side 7 Side 10 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

FRJEMD FOLK (fan Hindrik Liemburg)

Wy hienen al in moai skoft mei de kont op it sadel sitten en sa njonke-lytsen hienen wy ek wol wer is ferlet fan in gewoane stoel ûnder it gat. By in herberch oan ’e râne fan it bosk ha wy ús deljûn op in noflike stoel op in rom terras oan de sinnekant fan it gebou. Lekker smûk yn ’e lijte mei in grut sinneskerm oer ús hinne en útsjoch oer in dobbe, fol mei wetterplanten en in grutte fontein. Doe’t wy krekt en wol teplak sieten foel it ús op dat in part fan it terras ôfsletten wie. Der wie wat oars dwaande. Wat wisten wy net, mar wylst wy oankamen hearden wy wol de klokken lieden fan in tsjerkje, dat skean tsjinoer de herberch stiet. Oan it lûd fan ’e klokken te hearren koe der, neffens ús, op it hof wolris ien teplak lein wurde. De nijsgjirrigens wûn it wer is in kear fan it net mei bemuoien en dêrom frege ik it famke dat ús de kofje brocht wat hjir geande wie. Hja fertelde ús dat der ien as oare jonkfrou fan heech oansjen begroeven waard en dat se nei ôfrin fan de begraffenis hjir noch efkes neisitte koenen ûnder it genot fan in kopke kofje, as wat oars. Wylst de klokken noch lûd joegen kamen de earsten al fan it hof werom en joegen harren fuortendaliks del op it ôfsletten stik fan it terras. De âld jonkfrou kaam, sa’t my ferteld waar, út in rike adellike hoeke en hie nea gjin man hân. Dus gean der mar fan út dat der noch in moai soad jild by it âld minske omtoarke. De earsten dy’t oankaam op it terras, wienen oer it algemien jonge minsken. Hja hienen harren yn alle gefallen efkes sjen litten op ’e be-graffenis fan harren âld muoike, mar wienen foar dat de kiste goed en wol teplak stie al fuort gien, om’t se dochs noch net meipartsje moch-ten. It wienen jonge minsken mei sommigen fan harren yn in, wite, sportive outfit. Dat koenen wolris de stúdzjeballen fan ’e famylje wêze. It outfit fan immen dy’t fierder leart hie, want yn dat laach hâldt de stúdzje net op mei allinne it diploma fan ’e ambachtsskoalle. In skoftsje nei’t de klokken stil foelen kaam de twadde lichting it terras oprinnen. Om’t hja trochsnee in generaasje âlder wienen, sille it wol de âlders wol west ha, fan it jongfolk dat al mei wat oars dwaande wie as kofje. Hja moasten, tink ik, ek wat langer by it grêf stean bliuwe, om’t hja wat nijer by it jild fan muoike stienen. Muoike moast harren net fer-jitte as it ea op partsjen oankaam. … sjoch side 10

Ta Oantinken.

Tjalling Hendrik de Boer.

Yn âldens fan 91 jier en nei in lokkich houlik fan omtrint 68 jier, is Tjalling de Boer op 18 desimber 2014 stoarn. Tjalling wie al in hoartsje net sa sûn en hy is rêstich ynslept yn bywêzen fan syn frou. Tjalling hat in protte dien foar de oprjochting fan ús krite. Hy gie, om samar te sizzen, de boer op by al de Friezen dy’t hjir yn Lelystêd kamen wenjen. Sy hie-nen doe in wettertichte manier: de hear Schiere wurke by de gemeente en hy helle dêr de adressen wei. De hear Sytsma die de Ljouwerter Krante, dus dy krige dêr in hiele protte adressen fan. Tjalling en Sake Bangma giene dan tege-arre by dizze adressen lâns om se lid fan de krite te meitsjen. Tjalling wurke yn de polder by de Rykstsjinst Ysselmarpolders en sadwaande kamen hiel wat Friezen hjir nei ta, want wat is moaier dan mei elkoar Frysk prate yn de frjemdte. Sa is doe ús krite ûntstien, wêr Tjalling 43 jier lid fan west hat en wêr’t hy mei syn frou ek noch folksdûnse hat. Wy winskje syn frou, bern, bernsbern en bernsbernsbern in protte sterkte ta mei dit ferlies.

Page 10: Meidielingeblêd fan de Sékrite - fryskbutenfryslan.frl file# De mienskip belûke by Ljouwert 2016 13 # ‘H twa O’ - gedicht 15 ... e-mail: tinekedeboer@tele2.nl Lid: Annie Noppers,

In erfenis wer’t jo net om frege ha mar eins ek net mear fan ôf kinne, jo ha ommers jo man silliger op syn stjerbêd wat beloofd. De erfenis yn kwestje hellet har it bloed ûnder de neilen wei, in buorfrou dy net mei bleate hannen oan te pakken is, foar master opslaan wol en gjin nee akseptearret. Jo moatte der mar mei om-gean kinne!

Lokkich is de “frou” goed tûk en hat in grutte fantasy sadat har plan dochs wol slagje moat. Mar sy kin dit net allinne en sy ropt de help yn fan har twa dochters en har freondinne, dy’t altyd op de buorkerij wurke hat. Dizze freondinne is in betûft toaniel-spylster en moat foar in goede ôfrin soargje.

Slagget it Annet om har buorkerij te behâlden en de erfenis op in sa goedkeap mooglike wize kwyt te reitsjen. En ...... komt de freondinne ek werom op de buorkerij. Wy moatte it mar efkes ôf-wachtsje.

De jûn wurdt hâlden yn ATOL PLAZA en begjint om 20.00 oere, de seal is iepen fanôf 19.15 oere. De tagong is foar

leden € 5,= en foar net-leden € 12,50.

Ek binne Albert en Henny der wer mei de boeketafel.

20 jannewaris 2015 Side 9 Side 8 20 jannewaris 2015

Jiergong 29 Meidielingeblêd Sékrite Jannewaris 2015 Jannewaris 2015 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 29

It bestjoer fan de Sékrite noeget jimme út op

sneon 14 febrewaris foar de toanieljûn yn

Atol Plaza, Schor 1-9, 8224 CM Lelystêd.

Foar ús sil it Drachtster Toanielselskip “Meiinoar ien” spylje:

“As it mar wier is” fan Hub Fober, oerset nei ‘t Frysk troch Jan de Vries.

SPILERS:

Regisseur ....................... Jan de Vries

Koarte ynhâld fan it stik:

As alles net altyd mei sitten hat yn’t libben, ferwiten nei de holle slingere krije lik as “dom en ûnsaakkundig belied tapasse en der in puinhoop fan meitsje” en de kâns grut is dat jo ek noch jo buor-kerij kwyt reitsje oan in hurde sakefrou, wurde jo fernimstich. Dan besykje jo dit foar te kommen. Mar dat dit net fansels giet, is mar al te wier.

Tiny Nicolai ................ Mem, Annet van Doorn

Ingrid van der Weide .. Har dochter Ingrid

Dieuwke Greidanus .... Har dochter Pauline

Nanny van der Werf ... Freondinne, earder help Marie

Sjikke de Vries ............ Buorfrou Gryt van der Werf

Baukje Siebenga ......... Mefrou Du Bois

Jan de Vries ................ Help op ‘e Buorkerij

Fierder wurdt der bakkersguod út Snits helle. As jimme bakkers-

guod yn foarrie ha wolle, graach in wike

foarôf efkes in tillefoantsje (0320–245342)

nei Gerrit Kingma. Hy kin soargje foar sû-

kerbôle, oranjekoeke, fryske dúmkes en

sûkerlatten.